midsiuwske foarwerpen

keare eefkes werom
nei mildaam
midsiuwske foarwerpen

Op freed 6 oktober 2023 is it Fries Museum yn Mildaam. Yn it Hof van Schoterland toant it museum in oantal ûnderdielen fan in midsiuwske polsstôkspear. De ûnderdielen waarden om 1887 hinne fûn yn de omkriten fan Mildaam, by de útgraving fan de Tsjonger. No, sa’n 136 jier letter, keare de histoaryske foarwerpen eefkes werom nei harren oarsprong. Meiwurkers fan it museum binne oanwêzich om mear oer dy bysûndere foarwerpen te fertellen en mei de doarpsbewenners yn petear te gean. Om 18.30 oere jout konservator Diana Spiekhout in kolleezje. Gesinnen mei bern kinne oanskowe by in spesjale famyljeworkshop. It museum wol graach alle ynwenners fan it doarp, en de omlizzende doarpen, útnûgje om lâns te kommen, de foarwerpen te besjen en yn petear te gean. De aktiviteit begjint om 16.00 oere en duorret oant 20.00 oere. Sjoch foar mear ynformaasje op www.friesmuseum.nl/mildam.

een zwaarder (b) type kletsievoetje, ca. 1200-1600, ijzer, collectie Fries Museum | Fotograaf K. Abelskamp-Boos, atelier Vesta
een zwaarder (b) type kletsievoetje, ca. 1200-1600, ijzer, collectie Fries Museum | Fotograaf K. Abelskamp-Boos, atelier Vesta

By de útgraving fan de nije Tsjonger, sirka 1887, waard in mysterieuze ûntdekking dien. Flak by Mildaam waarden in oantal frjemde metalen foarwerpen fûn. De foarwerpen waarden nei it Fries Museum brocht, dêr’t se oarspronklik it lebel ‘reiskandelers’ krigen. Pas ferline jier wiisde ûndersyk út dat de foarwerpen gjin kandelers wienen, mar ûnderdielen fan midsiuwske polsstôkspearen, yn it Aldfrysk ‘kletsie’ neamd. Mei de kletsies koenen Fryske striders har al fierljeppend oer it slachfjild bewege. Yn de tentoanstelling Vrijheid, Vetes, Vagevuur: de middeleeuwen in het Noorden, dy’t te sjen wie oant maaie dit jier, en yn it bybehearrende boek spilen de fynsten in haadrol. Troch de kletsiefuotsjes út de Tsjonger koe in replika makke wurde fan sa’n typysk âld-Frysk wapen, dy’t test waard troch polsstôkkampioen Ysbrand Galama. Dat nijs helle yn 2022 sels de NOS. De makker fan de replika, archeolooch Sebastiaan Pelsmaeker, is sels ek oanwêzich yn Mildaam. Hy jout dêr in famyljeworkshop polsstôkspearen meitsje.

Dizze aktiviteit is ûnderdiel fan it aktiviteiteprogramma fan de tentoanstelling Vrijheid, Vetes, Vagevuur en wurdt mei mooglik makke troch it Mondriaan Fonds (it publike stimulearringsfûns foar byldzjende keunst en kultureel erfgoed), Prins Bernard Cultuurfonds, Provinsje Fryslân, Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting, Leeuwarder Ondernemerfonds, Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis en it Old Burger Weeshuis.Fries Museum op Paad wurdt mei mooglik makke troch de VriendenLoterij.It Fries Museum wurdt mei finansiere troch de Provinsje Fryslân, it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, de VriendenLoterij, de Ir. Abe Bonnema Stichting en de Freonen fan it Fries Museum

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer