missy en fisy

missy en fisy

missy en fisy

Sûnt 2011 foarmet it Fries Museum tegearre mei it Keramiekmuseum Princessehof efter de skermen in organisaasje fan twa selsstannige musea. Dy organisaasje bestiet út ûngefear 50 meiwurkers mei alles byinoar in omfang fan sa likernôch 40 fte ferdield oer 5 ôfdielings. Fierder wurdt der wurke mei sawat 150 frijwilligers.

Foto Ruben van Vliet
Foto Ruben van Vliet

missy

It Fries Museum ynspirearret Friezen en net-Friezen troch keunst, kultuer en skiednis fan en yn Fryslân libje te litten. 

fisy

Yn 2016 is it Fries Museum dé kulturele topattraksje fan Fryslân.

merkwearden

Wy stribje nei 100.000 besikers it jier fan 2016 ôf. Om dy ambysje wier te meitsjen is in nij en krêftich profyl nedich. Wy ha dêrom trije merkwearden keazen. Dy wearden binne de paadwizer by alle karren dy’t wy yn de oanrin nei de iepening meitsje, fan ynhâld ta foarmjouwing. Us basiswearde is Frysk – it museum is Frysk yn ieren en sinen. Us ûnderskiedende wearden binne belutsen en dynamysk – dêrmei wol it museum him profilearje.

Frysk: autentyk, eigensinnich
As wy wat dogge, dogge wy dat goed. Wy dogge wat wy tasizze. Wy gean út fan de krêft fan tradysje en fakmanskip, mar dogge it allegearre justjes oars. Wy brûke heldere taal.

Belutsen: iepen, midden yn de maatskippij
Wy belûke ús omjouwing by wat wy dogge en freegje ynput fan besikers. Wy binne gastfrij. Us organisaasje is tagonklik. Wy wurkje gear mei oare partijen. Wy spylje yn op de aktualiteit. Wy binne ek aktyf bûten it museum op lokaasje, wy sykje minsken op.

Dynamysk: libben
Wy biede ferrassende ynsjoggen. Wy prikelje minsken. Wy jouwe romte oan gâns wierheden en gâns skjintmes. Wy ha in wikseljende programmearring. Der is altyd wat te rêden yn it museum, gâns eveneminten en aktiviteiten.

jierferslach

It Fries Museum publisearret alle jierren in jierferslach. Hjirûnder kinne jo de jierferslaggen downloade:

Jierferslach 2003 2004-2005 / 2006 20072008 2009 2010 / 2011 2012 20132014 2015 / 2016 /  2017 2018

jierrekken

Ús folsleine jierrekkens kinne jo fine op de ANBI-website.

beliedsplan

Beliedsplan Fries Museum, op fersyk fan de Provinsje Fryslân foar de beliedsperioade 2017-2020.

 

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer