skinkings & neilittenskippen

stypje it museum
skinkings & neilittenskippen

skinkings & neilittenskippen

schenkingen en legaten

Jo skinking oan it Fries Museum makket in wichtich ferskil. Graach meitsje wy gebrûk fan jo stipe foar oankeapen, restauraasje of spesjale projekten. Hjirûnder fine jo ynformaasje oer ferskate foarmen fan finansjele stipe en belestingopsjes.

skinking foar ien kear

It bedrach dat jo skinke wolle kinne jo oermeitsje op NL44RABO0160855624 fan it Fries Museum. De hichte fan de belestingôflûk hinget ôf fan it belestber ynkommen en kin oprinne oant 52%. Is jo skinking minimaal 1% en maksimaal 10% fan it sammelynkommen (mei in minimum fan €60), dan is jo jefte folslein fiskaal ôflûkber.

periodike skinking

Jo belestingfoardiel is it grutst as in skinking ferdield wurdt oer op syn minst fiif kalinderjierren. Dizze periodike skinking krijt dan de foarm fan in liifrinte dy’t fêstlein wurdt yn in notariële akte. Fiif jier efterinoar moat op syn minst ienris it jier in fêst bedrach skonken wurde. By in periodike skinking is de jierlikse betelling yn syn gehiel (sûnder drompel of maksimum) ôflûkber foar de ynkomstebelesting. Fan in periodike bydrage fan €1.000 it jier ôf nimt it museum de notariskosten foar syn rekken.

neilitte

Fia in testamint kinne jo in skinking neilitte oan it Fries Museum. Ek bestiet de opsje om it Fries Museum ta erfgenamt te beneamen. Jo kinne sels oanjaan hokker persintaazje fan jo neilittenskip oft jo oan it museum jaan wolle. Dat wurdt dan fêstlein yn jo testamint. As jo in bedrach donearje wolle dat yn it foar fêststeld is, kinne jo it Fries Museum in legaat tawize. Ek foarwerpen en kolleksjes kinne jo neilitte oan it Fries Museum. It museum is frijsteld fan skinkingsrjocht en suksesjerjocht, sadat jo der wis fan wêze kinne dat jo jefte dêr telâne komt dêr’t jo dy ha wolle.

fûns op namme

Faaks ha jo in spesjale bân mei in foarwerp of aktiviteit fan it Fries Museum. Jo kinne dan troch de wei fan in fûns op namme jo spesjale kar finansjeel stypje. In fûns op namme is in periodike skinking of in skinking foar ien kear, mei in spesifike opdracht, dy’t fansels binnen de doelstellings fan it museum falt. By dizze foarm fan donearjen nimt it museum fan in bydrage fan €25.000 ôf alle administrative saken foar syn rekken.

mear witte oer skinke en neilitte?

Nim kontakt op mei Liesbeth van Keimpema, tel. 058 205 00 48 of mei de mail; l.vankeimpema@friesmuseum.nl

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer