friesch kabinet
Om dingen te bewarjen waard yn 1853 it Provinciaal Friesch Kabinet van Oudheden oprjochte. Friezen koene dêr typysk Fryske foarwerpen ynleverje. It guod waard net allinnich bewarre foar it neiteam, mar ek útstald. Earst yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert en fanwegen te min romte letter yn in romte yn it Steedhâlderlik Hof earne oars yn ’e stêd.
historische tentoonstelling
By gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan it Frysk Genoatskip waard yn 1877 yn Ljouwert de Historische Tentoonstelling van Friesland hâlden, de earste folkskundige tentoanstelling yn Nederlân. De kolleksje fan it Friesch Kabinet foarme de basis foar dy tentoanstelling. Dêrneist waard ek oan de Friezen frege om foarwerpen yn te stjoeren.