ferhalen

1940 - 1945
ferhalen

fries verzetsmuseum

moetsje de bewenners fan Fryslân yn de jierren 1940-1945

It Fries Verzetsmuseum is ûnderdiel fan it Fries Museum. Hjir moetest de bewenners fan Fryslân yn de jierren 1940-1945. Friezen en net-Friezen fertelle hoe’t sy de oarloch op it plattelân yn Fryslân belibben. Ferset en ferfolging, mar gjin hongerwinter. Wol flechtlingen en minsken dy’t fan fier en hein kamen om molke en iten te heljen.

It Fries Verzetsmuseum fertelt ferhalen. Ferhalen dy’t reitsje, konfrontearje en oan it tinken sette. Oer minsken dy’t drege keuzes meitsje moasten yn in bysûndere tiid. Yn de tentoanstelling wurdst gewaar hoe’t de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân belibbe waard en wurdt. Eachtsjûgen en foarwerpen mei in persoanlik ferhaal bringe de oarloch hiel tichtby. Sintraal steane ûnderwerpen lykas de loftoarloch boppe Fryslân, it ferset tsjin de besetter en it ûnderdûken. Der is spesjaal omtinken foar de spektakulêre Oerfal fan it Fryske ferset op it Hûs fan Bewarring yn Ljouwert. 

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer