foardielen
Sûnt de iepening fan it nije museum is in klup fan Saaklike Freonen yn it libben roppen. Mei de bydragen fan de Saaklike Freonen kinne wy oankeapen dwaan, nije útstallingen inisjearje en restauraasjes fan ús kolleksje útfiere. Us Saaklike Freonen profitearje ûnder mear fan it saaklike netwurk dat wy twa kear yn it jier byinoar bringe en ûntfange in protte oare foardielen lykas koarting op sealhier/ It Fries Museum is fêstige yn in prachtich foarm jûn, iepen en sfearfol gebou yn de binnenstêd fan Ljouwert, op rinôfstân fan it stasjon. It markante gebou lient him goed foar bedriuwseveneminten en gearkomsten.
sponsorpakketten
Fia dizze link kinne jo de brosjuere delhelje mei de ferskate sponsorpakketten. De sponsorpakketten fariearje yn priis fan 500 oant 5.000 euro. De arranzjeminten binne suggestjes. Yn oerlis sette wy graach in arranzjemint op maat foar jo del, ôfhinklik fan de aard fan jo organisaasje en jo winsken.
maatwurk
Sponsorarranzjeminten boppe de 5.000 euro binne altyd maatwurk. Njonken neamde foardielen heart it sponsorwêzen fan in útstalling ta de mooglikheden. Jo bedriuwsuteringen wurde dan yn oerlis keppele oan ien fan ús oansprekkende útstallingen dy’t de kommende jierren op de kalinder steane. De uteringen wurde yn alle kommunikaasjemiddelen brûkt dy’t betrekking hawwe op de útstalling, lykas posters, flyers, websiden en fansels krije jo bedriuwnamme en -logo in prominint plak op de útstalling. Fansels binne der yn kombinaasje met de útstalling ferskate mooglikheden om jo relaasjes en personiel te letten en setten.
freoneklup
Benijd wa’t der yn ús freoneklup sitte? Sjoch dan hjir foar it oersjoch.
belesting en jefte
Under bepaalde betingsten is jo jefte oan te lûken fan jo winst foar de fennoatskipsbelesting.
ynteresse?
Foar mear ynformaasje oer Saaklike Freonen kinne jo kontakt opnimme mei Liesbeth van Keimpema, manager sponsoren, freonen & fûnsen, fia 058-2050048 of e-mail l.vankeimpema@friesmuseum.nl.
Santich persint fan jo bydrage wurdt troch it Fries Museum oanmerkt as jefte.