fries museum

yn mildaam
freed 6 oktober
fries museum

Om 1887 hinne waard tichtby Mildaam in mysterieuze ûntdekking dien. By de útgraving fan de nije, kearsrjochte Tsjonger, waarden in oantal frjemde metalen foarwerpen fûn. De foarwerpen waarden nei it Fries Museum brocht dêr’t se oarspronklik labele waarden as ‘reiskandelers’. Pas ferline jier wiisde ûndersyk út dat de foarwerpen gjin kandelers wiene, mar ûnderdielen fan midsiuwske polsstôkspearen (yn it Ald-Frysk hjitte dat in kletsy). Yn de tentoanstelling Vrijheid, Vestes, Vagevuur: De midsieuwen yn it Noarden en it byhearrende boek spilen de fynsten in haadrol. Troch de kletsyfuotsjes koe der in replika makke wurde fan sa’n typysk Ald-Frysk wapen, dy’t testen waard troch polsstôk-kampioen Ysbrand Galama. Dat nijs helle yn 2022 sels it NOS-sjoernaal.

No, 136 jier nei de fynst, keare dy ‘kletsyfuotsjes’ foar even wer werom nei Harren oarsprong. Op 6 oktober 2023 is it Fries Museum op besite yn Mildaam. De kletsyfuotsjes en in spearpunt binne dan te sjen yn it Hof van Schoterland. Meiwurkers fan it museum binne oanwêzich om mear oer dy bysûndere foarwerpen te fertellen en mei de doarpsbewenners yn petear te gean. Genietsje om 18.30 fan in kolleezje troch konservator Diana Spiekhout. Foar bern is der in spesjale berneworkshop. It museum wol graach alle ynwenners útnûgje lâns te kommen, de foarwerpen te besjen en yn petear te gean.

Datum: freed 6 oktober 2023
Tiid: 16.00 – 20.00 oere
Lokaasje:
Hof van Schoterland, Schoterlandseweg 50, 8454 KG Mildaam
Priis: fergees
Yn it foar oanmelde is net nedich,
kom wennear’t it jo útkomt.

programma

famyljeworkshop
Ek foar de jongste doarpsbewenners is der genôch te belibjen. Sko bygelyks oan by de workshop polsstôkspear meitsjen mei Sebastiaan Pelsmaeker. Sebastiaan is as archeolooch spesjalisearre yn it meitsjen fan museumreplika’s. Hy makke ûnder mear de replika fan de kletsy dy’t te sjen wie yn de grutte midsiuwententoanstelling

kolleezje troch de konservator
Kom alles te witten oer de midsiuwen om de Tsjonger hinne. Om 18.30 oere jout konservator Diana Spiekhout in kolleezje oer de kletsy. Se presintearret it ûndersyk nei dy bysûndere foarwerpen én giet graach mei jo yn petear.

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer