fries museum

op paad
kolleksje reizget troch provinsje
fries museum

fries museum op paad

kolleksje reizget troch provinsje

De kommende jierren giet it Fries Museum op ’en paad. It museum reizget fanôf 2024 trije jier lang troch de provinsje mei échte kolleksjestikken, nei it plak dêr’t se wei komme. De museumstikken foarmje op lokaasje de basis foar moeting, ferbining en goede petearen. Wat betsjut erfgoed foar ús? Wat fertelt it oer my en myn identiteit? Is it belangryk om keunst en erfgoed te bewarjen? En: watfoar oantinkens en ferhalen oer in plak ropt sa’n objekt op? It wurdt in moeting fan wjerskanten, want it museum sil trije jier lang ferhalen, foarwerpen en foto’s fan bewenners dokumintearje. Sa wurdt op it plak sels de kennis oer de kolleksje ferrike.

Fries Museum op Paad
Fries Museum op Paad

werom nei histoaryske plakken

Foar it Fries Museum is it bewarjen en ûntsluten fan de kolleksje (mei mear as 200.000 foarwerpen) in kearntaak. Sûnt it opnij iepenjen fan it museum op 13 septimber 2013 besochten hast oardel miljoen besikers út hiel Nederlân en fier dêrbûten wei blockbustertentoanstellingen lykas Alma-TademaEscher op reisMata Hari en Rembrandt & Saskia. Mar noch net alle Friezen hawwe it nije museum besocht. It museum is bliid mei dizze mooglikheid om noch mear Friezen yn oanrekking komme te litten mei harren erfgoed.

pilot yn hantum

Bewenners fan Hantum ûntdieken by in pilot foar it Fries Museum mear oer in byld fan de hillige Sint Dionysius fan Parys.

tank oan de vriendenloterij

It Fries Museum is geweldich bliid mei in golle jefte fan de VriendenLoterij, wêrtroch’t elkenien yn Fryslân strak genietsje kin fan Fryske topstikken. It museum krijt mar leafst 1 miljoen euro foar it projekt Fries Museum op Paad. De VriendenLoterij fiert wat it libben moai makket: ús ferbûnens mei oaren en mei ús keunst en kultuer. Tanksij 1,1 miljoen dielnimmers koe de VriendenLoterij oer 2022 byelkoar opteld in bedrach fan € 134,8 miljoen skinke oan 57 kulturele partners en mear as 3500 goede doelen, clubs en ferieningen. 

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer