freon wurde
Foar mar €5,- yn de moanne (€60,00 yn it jier) bist freon fan it Fries Museum en profitearrest fan alle foardielen.
partnerlidmaatskip
Do kinst ek tegearre mei dyn partner freon wurde. Jim betelje €7,50 yn de moanne (€90,00 yn it jier). Alle foardielen jilde fansels foar jim beiden!
gesinslidmaatskip
Nim dyn bern gesellich mei nei it museum ta en wurd freon mei dyn hiele gesin, foar mar €8,25 yn de moanne (€99,00 yn it jier, maks. trije bern oant en mei 17 jier).
Elk hat syn redenen om freon fan ús museum te wurden. Wy wolle fansels ek graach wat weromdwaan en dêrom biede wy ús freonen eksklusive foardielen:
- altyd fergees tagong ta it museum
- útnûgings foar iepeningen
- 10% koarting yn de museumwinkel (eksklusyf boeken)
- aktuele ynformaasje troch ús nijsbrief
Foar mear ynformaasje kinst kontakt opnimme fia e-mail: vriend@friesmuseum.nl