oer it museum

oer it museum

oer ús

libbene skatkeamer fan fryslân

Wolkom yn it Fries Museum! Ut in stevige woarteling yn ’e meast werkenbere mar ek meast eigensinnige regio fan Nederlân wei biede wy in finster op ’e wrâld en de wrâld in blik op Fryslân en de Friezen. Lit dy ynspirearje troch de prachtichste keunstwurken fan Fryske masters as Sir Lawrence Alma-Tadema, Gerrit Benner en Wybrand de Geest. Lit dy meifiere mei de spannende ferhalen fan Grutte Pier, Mata Hari en de Fikingen en ûntdek hoe’t it opmerklike lânskip troch de jierren hinne foarme is en noch altyd yn ûntwikkeling is. Der is net allinnich in soad te sjen, mar ek gauris wat te dwaan. Folgje in workshop of rûnlieding of kom lâns foar in lêzing! 

As bewarder fan erfgoed en keunst biedt it Fries Museum út in stevige woarteling wei in finster nei it ferline en in blik op ’e takomst, om likegoed lokale as nasjonale besikers te boeien en ynspirearjen.

kolleksje en tentoanstellingen 

Mei mear as 200.000 foarwerpen fan mear as 300 eigeners beheare wy de grutste regionale kolleksje fan Nederlân. Fiif konservators beheare elk in diel fan de kolleksje: 

  • Archeologe & terpetiid​
  • Alde keunst​ 
  • Tapaste keunst & tekstyl​ 
  • Fries Verzetsmuseum (& Mata Hari)​ 
  • Moderne & Hjoeddeistige Keunst  

In part is altyd te sjen yn ús fêste presintaasje Ferhaal fan Fryslân op ’e earste ferdjipping. Fynst op ’e twadde ferdjipping it Fries Verzetsmuseum, dêr’t persoanlike ferhalen de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân yn beljochtsje. Yn ’e sealen meitsje wy mei ôfwikseljend keunst, archeology, en moade en tekstyl oansprekkende tentoanstellingen, dêr’t toeristen út hiel Nederlân foar nei Fryslân komme. De tredde ferdjipping biedt perspektyf, mei wikseljende hjoeddeistige keunstpresintaasjes. Fansels is der ek romte foar eksperimint en libbenens. Yn ’e mande mei Arcadia binne wy trijejierliks in laboratoarium foar mooglikheden yn ’e takomst en sa in plak fan ynspiraasje foar de regio en foar de wrâld. Yn ’e hal binne presintaasjes fan partners út ’e regio en wy reflektearje gauris op maatskiplike ûntjouwingen mei prikeljende tentoanstellingen. De kolleksje is permanint op mear as 100 lokaasjes te sjen, net ûnder ús namme mar ûnder dy fan it plak sels. Spitigernôch kinne wy net alles sjen litte yn it museum. Wy wurkje dêrom oanienwei oan ’e digitale sichtberens fan ’e kolleksje, mei in online database, kolleksjeferhalen, foto’s, fideo’s, games en online eksposysjes.

De kolleksje is permanint op mear as 100 lokaasjes te sjen.

ynklúzje en tagonklikheid

It Fries Museum is der foar elkenien. Oftst no in bedreaune keunstkenner bist of noch noait yn in museum west hast, Fries of net Fries, skiednisleafhawwer of keunstkenner, jonge hûn of âlde rot: it is ús misje om elkenien him by ús thúsfiele te litten. Yn it Fries Museum komst yn oanrekking mei oare libbensfyzjes, gewoanten en tiden. Mei frjemde en ferrassende perspektiven. Wy biede dy in bysûndere ûnderfining, dêr’t minsklike ferhalen en perspektiven by liede ta refleksje en ferbylding. Al meist fansels ek ûngesjeneard fan ús skilderijen komme te genietsjen. 

It Fries Museum slút him folslein oan by de Code Diversiteit & Inclusie, om as museum iepen te stean foar ferskaat, en ynklusiver te operearjen op alle terreinen. Wy binne der grutsk op dat 1 op de 3 Friezen ús alris in besite brocht hat. It museum is fergees tagonklik foar bern en jongerein oant 18 jier en mei ús ûnderwiisprogramma’s op maat witte wy krekt de goede snaar te reitsjen. Troch de wei fan bysûndere aktiviteiten en gearwurkingen ferleegje wy boppedat oanienwei foar ferskillende groepen minsken de drompel ta it museum. Mei ferdjipjende aktiviteiten biede wy kennis en ynhâld oan (almeast Fryske) kultuerleafhawwers.

Fergeze aktiviteiten meitsje it museum fierder tagonklik foar Friezen mei in lytse beurs en troch gearwurkingen mei Vluchtelingenwerk, Kwadrantgroep en de MuseumPlusBus berikke wy nije Friezen en (demintearjende) âlderein. Troch de wei fan spesjale rûnliedingen is it museum ek tagonklik foar minsken mei in fisuele of auditive beheining. Der binne spesjale programma’s om (hjoeddeistige) keunst hinne foar de makkers yn ’e provinsje. 

Mar dat is foar ús noch net genôch: fan 2024 ôf giet de kolleksje op toer en reizgje de stikken werom nei it plak dêr’t se wei komme. Foar minsken dy’t wy net fysyk berikke kinne, ûntwikkelje wy online produkten. Ekonomysk drage wy by troch ús toeristyske oanlûkingskrêft. Foar tentoanstellingen as Alma-Tadema en Rembrandt & Saskia reizgje besikers spesjaal nei Ljouwert en se bliuwe faak in nacht te sliepen of in hapke te iten.

We ontvingen in het nieuwe gebouw in tien jaar tijd maar liefst 1,4 miljoen bezoekers. Bekijk de hoogtepunten hierboven.

Wy ûntfongen yn it nije gebou yn tsien jier tiid net minder as 1,4 miljoen besikers! 

fries museum op paad

Yn 2024 gean wy mei de kolleksje op toer troch Fryslân. Echte foarwerpen reizgje werom nei it plak dêr’t se wei komme. De moeting is fan wjerskanten, want it museum sil trije jier lang ferhalen, foarwerpen en foto’s fan bewenners dokumintearje. Sa wurdt op it plak sels de kennis oer de kolleksje ferrike. 

kolleksjesintrum fryslân 

Us kolleksje befynt him sûnt 2016 yn it meast duorsume museumdepot fan Nederlân: it enerzjyneutrale KolleksjeSintrum Fryslân (KSF), dat wy yn ’e mande mei it Natuurmuseum Fryslân, it Fries Scheepvaartmuseum, it Fries Landbouwmuseum en it provinsjale ryksargyf Tresoar brûke. Om’t wy sawat 50 prosint fan it depot brûke, is de koördinator fan it KSF by ús yn tsjinst. Wy stean yn foar it geboubehear, it depotbehear en de befeiliging, Tresoar soarget foar de ICT-fasiliteiten.

Yn ús fluch feroarjende mienskip binne fraachstikken omtrint kulturele identiteit, de ferhâlding ta de oar en ús omgong mei de omjouwing relevanter as ea. 

ûnderwijs en aktiviteiten 

Mei ús ûnderwiisprogramma’s ynspirearje wy jonge Friezen mei harren erfguod en keunst. Hielendal yn Ljouwert, dêr’t yn guon wiken 60 prosint fan ’e bern yn earmoede libbet, wolle wy ús stientsje bydrage. Wy ûntwikkelje ús programma’s yn nauwe gearwurking mei it fjild en de learlingen, wêrtroch’t se oanslute by harren belibbingswrâld en foldogge oan ’e easken dy’t it ûnderwiis stelt (kearndoelen en eintermen). Wy berikke it PU, VU en MBU (ynklusyf de spesjale ûnderwiisfoarmen). 

grien en duorsum 

As etalaazje fan Fryslân, de meast sirkulêre regio fan Nederlân, is duorsumens foar ús in spearpunt. It museum makket gebrûk fan in WKO-ynstallaasje en mienskiplike ynkeap fan duorsume enerzjy. Sûnt 2018 is it museum gasleas. Waarme simmers en in soad besikers betsjutte ekstra kuollingsferlet. Wy ûndersykje dêrom de ynset fan ’e generearre waarmte as enerzjy foar ússels of oaren. Yn 2021 binne wy úteinset mei in ynterne projektgroep dy’t yn oparbeidzjen mei saakkundigen en Circulair Friesland ûndersiket hoe’t wy as museum ús ‘fuotprint’ ferlytsje kinne. 

Duorsumens yn it Fries Museum

mienskiplike organisaasje 

It Fries Museum en Keramiekmuseum Princessehof foarmje in organisaasje fan twa selsstannige en eigentiidsk musea dêr’t kwaliteit en publyk foarop stean. Keramiekmuseum Princessehof set syn topkolleksje yn om mei oantreklike tentoanstellingen ferhalen oer keramyk út Azië en Europa te fertellen oan keunst- en kultuerleafhawwers. Lês hjir mear oer de organisaasje. 

 

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer