kultuer

edukaasje
onderwijs programma's
kultuer

ûnderwiis

Wy fine kultueredukaasje belangryk. It ûnderwiis is net sûnder reden ien fan de belangrykste doelgroepen fan it Fries Museum. Wy wurkje út de filosofy wei dat in besite oan ús museum in ûnferjitlike ûnderfining wêze moat, wêrby’tst plezier hast en ûnder de yndruk rekkest fan de moeting mei de echte objekten. In besite oan it Fries Museum soarget derfoar dat bern en jongerein harsels en de wrâld om harren hinne mei oare eagen besjogge. In museum dat ynspirearret.

lês mear oer it oanbod op de nederlânske webside

oanbod

De ôfdieling Edukaasje hat de ôfrûne moannen fantastyske nije produkten foar it primêr ûnderwiis én foar it fuortset ûnderwiis ûntwikkele. Hawwe jo fragen of suggestjes, nim dan kontakt op mei de ôfdieling Edukaasje fia educatie@friesmuseum.nl of (058) 255 55 00.

wat doen jullie nu eigenlijk?

bernedireksje

It Fries Museum en Keramiekmuseum Princessehof hat in achtkoppige bernedireksje. It direksjeteam helpt mei bernefraachstikken yn it museum, bygelyks by aktiviteiten. Boppedat soarget it foar mear ferskaat om’t der jonges en famkes fan ferskillende leeftiden yn plaknimme. It direksjeteam bestiet út acht bern fan de Albertina Agnesskoalle yn Ljouwert. It giet om learlingen dy’t earder keazen binne yn ’e learlingeried fan ’e skoalle. Se sitte yn ’e groepen fiif oant en mei acht. Besjoch it ûndersteande filmke dêr’t se harren kollega-museummeiwurkers ûnderfreegje oer wat se no eigentlik dogge.

koeien kijken
koeien kijken

ferfier

Arriva hat spesjaal foar skoallen yn Fryslân in tige foardielich OV skoalticket ûntwikkele: foar mar €30,- kin elke klasse mei bus en trein fan Arriva fan en nei it Fries Museum reizgje. Lês mear.

nijsbrief

Regelmjittich ynformearje wy ûnderwiisrelaasjes en oare belangstellenden oer nij oanbod, ûnderwiisprogramma’s en projekten. Ynskriuwe foar de nijsbrief kin hjir.

 

meld dy oan foar ús ûnderwiisnijsbrief

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer