petrit halilaj

fan 16 april 2022 oant en mei 5
petrit halilaj

petrit halilaj

fan 16 april 2022 oant en mei 5 maart 2023

Fan 16 april 2022 oant en mei 5 maart 2023 presintearret it Fries Museum de earste útstalling fan Petrit Halilaj yn Nederlân. Mei ynstallaasjes, tekeningen en fideo’s ferkent Halilaj (1986, Kostërrc, Kosovo) tema’s as kulturele identiteit, nasjonaliteit en erfgoed. Syn biografy is faak it útgongspunt foar syn wurk. Fûgels en oare bisten komme hieltyd wer yn it wurk foar, trochstrings as metafoaren foar transformaasje. Bygelyks yn grutskalige ynstallaasjes dêr’t motkostúms en fûgeleftige skulptueren te sjen binne. Ru (2017) en Shkrepëtima (2018), twa fan syn meast renommearre monumintale projekten, binne fan it foarjier fan 2022 ôf te ûndergean yn Ljouwert. Yn syn solo-útstalling yn it Fries Museum ferweeft Halilaj realiteit en ferbylding yn ynstallaasjes dy’t de rol fan keunst en kultureel erfgoed binnen in mienskip beljochtsje.

It wurk fan Halilaj is nau ferbûn mei de resinte skiednis fan Kosovo en de politike en kulturele spanningen yn de regio. Syn wurk komt fuort út yntime, persoanlike ûnderfiningen, mar rekket tagelyk oan bredere, maatskiplike ûnderwerpen lykas frijheid en identiteit, de (wer)wurdearring fan private en publike ferhalen en erkenning fan LGBTQI+. Syn meast resinte projekt is in bewurking fan 38 bernetekeningen dy’t hy op 13-jierrige leeftyd makke yn it flechtlingekamp Kukës II (Albanië) yn ’e tiid fan de Kosovo-oarloch (1998-1999). De útstalling wie oant 16 jannewaris 2022 te sjen yn Tate St Ives (VK).

Dútslân, Kosovo en Italië
Petrit Halilaj wennet en wurket yn Dútslân, Kosovo en Italië. Syn wurk wie earder te sjen yn solo-útstallingen yn Museo Reina Sofia, Madrid; New Museum, New York City; the Fondazione Merz, Turin; Hammer Museum, Los Angeles; Hangar Bicocca, Milaan; Kölnischer Kunstverein, Keulen; Bundeskunsthalle, Bonn; en WIELS, Brussel. Halilaj wie de earste keunstner dy’t Kosovo fertsjintwurdige op de 55ste Biënnale fan Venetië yn 2013.

Sûnt 2020 is hy Studio Professor oan de l’École nationale supérieure  des Beaux-Arts, Parys, Frankryk.

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer