constant dullaart

this unjust mirror
10 oktober 2020 o/m 14 febrewaris 2021
constant dullaart

constant dullaart

this unjust mirror

Fan 10 oktober 2020 oant en mei 14 febrewaris 2021 presintearret it Fries Museum de tentoanstelling Constant Dullaart: This Unjust Mirror. It wurk fan de keunstner draait om it ynternet. Constant Dullaart (Leiderdorp, 1979) docht al jierren ûndersyk nei nepakkounts op social media, reklame en propaganda, tema’s dy’t sa aktueel binne as mar kin. Syn wurk reflektearret op de bredere sosjale en kulturele effekten fan manipulative nije media. Mei syn tentoanstelling yn it Fries Museum presintearret Dullaart syn earste museale solotentoanstelling.

“In online akkount by Facebook, Instagram, Google, Snapchat, Twitter of Telegram is gau oanmakke”, sa seit Hanne Hagenaars, gearstaller fan de tentoanstelling. “Likes binne op dy platfoarmen de maat foar dyn sukses. Elke ‘instagrammer’ gloeit op fan in soad likes, mar it frjemde is dat je dy ek keapje kinne. Dêr bestiet in grutte merk foar. Yn lannen lykas Yndia en Bangladesj wurkje minsken dei yn, dei út oan it meitsjen fan nepakkounts, om sa dy likes pleatse te kinnen foar de keaper.”

oscar wilde
In nij gedicht fan Dullaart, basearre op de wurden fan it personaazje Lord Henry Wotton út “The Picture of Dorian Gray" fan Oscar Wilde, foarmet de basis fan syn earste museale solotentoanstelling. It is in byinoar kommen en boartsjen mei ynternet, weismyt-identiteiten, propaganda en mediakrityk. De ekspo yn Ljouwert nimt de besiker mei ferskillende ynstallaasjes mei op in aventoerlike reis troch de dûzeljende wrâld fan online propaganda, nepnijs en nepfolgers. Wat is echt en wat is net echt op it ynternet? En wannear is it wurk fan de keunstner?

constant dullaart
Constant Dullaart is in eardere residint fan de Rijksakademie yn Amsterdam. Dullaart wennet en wurket yn Berlyn, dêrneist wurket er geregeld yn Amsterdam en is er ûnderdiel fan de Rapid Response Residency fan Eyebeam yn New York. Yn 2015 krige er de Prix Net-Art, de ynternasjonale priis foar ynternetkeunst. Syn wurken waarden toand yn MCA Chicago, Whitechapel Gallery London, Schirn Kunsthalle Frankfurt, Import Projects Berlin, Utah Museum of Contemporary Art, ZKM Karlsruhe, Victoria & Albert Museum London en MAAT Lisbon. Dullaart hat ferskate tentoanstellingen gearstald en joech les oan universiteiten en akademys yn hiel Europa.

It Fries Museum wurdt mei finansiere troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provinsje Fryslân, it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, EZ/Kompas en de BankGiro Loterij.

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer