christoffel & kate bisschop

longerje nei it ferline
christoffel & kate bisschop

It Fries Museum dûkt yn it persoanlik libben en de keunst fan de yn Ljouwert berne keunstner Christoffel Bisschop (1828-1904) en syn Ingelske frou Kate Bisschop-Swift (1834-1928). Harren boarnen fan ynspiraasje, sosjale omjouwing en it wurk fan tiidgenoaten wurde ek besprutsen. De útstalling lit sjen hoe't de Fryske keunstner it ferline brûkt as grutte ynspiraasje foar it no. Benammen Bisschop rekket fassinearre troch it eigensinnige Hylpen.

christoffel en kate bisschop
De 19e iuwske skilders wennen en wurken yn Den Haach. Christoffel Bisschop spesjalisearre him yn âld-Hollânske, rêstige Hindelooper ynterieurs, dêr't faaks in jonge frou in brief lêze of mimerjend troch it rút stoaret. Ek keas er graach foar foarstellings dy't in bepaalde libbensfaze útbyldzje, lykas in houlik of de berte fan in bern. Kate Bisschop-Swift skildere meast swiete sênes fan jonge bern dy't pap ite, skuon oandwaan of in nest puppies bewûnderje.

hingje oan it ferline
Neist harren wurk as keunstners, Christopher en Kate wiene entûsjaste samlers fan antyk. Dat hawwe se yn har keunst as yn har ynterieur ferwurke, yn har hûs 'Villa Frisia' yn Scheveningen. Benammen de kleurrike Hylperstyl lûkt Christoffel syn oandacht. As seelju by harren hannelsreizen yn de 17e en 18e iuw dingen fan oer de hiele wrâld werom nimme nei de Fryske stêd, sjocht Hylpen der hiel oars út as de rest fan Fryslân: froulju rinne yn kleurige stoffen út Yndia, Aziatyske porslein fersiert de wenkeamer en ryk fersierde houten meubels binne ekstreem populêr. Hast twa ieuwen letter blaast de fassinaasje foar dizze miks fan Nederlânske en eksoatyske wenningynrjochting en klean wer op. De kleurrike Hindelooper keamer ferovere yn 1878 de herten fan besikers fan de Wrâldtentoanstelling yn Parys. De styl komt de Nederlânske kultuer te symbolisearjen. Bisschop fynt syn niche yn Hylpen: hy sammelet kostúms en skildere meubels, en hy reprodusearret it ûnderwerp yn syn wurk reedlik, dêrmei werskept er in ferline tiidrek, dat histoarysk net alhiel korrekt is, mar dêr't er dochs tige súkses mei is.

It Fries Museum wurdt mei-finansierd troch Windpark Fryslân, de Provinsje Fryslân, it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, de Gemeente Ljouwert, de VriendenLoterij en de Ir. Stichting Abe Bonnema.

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer