kombinaasjeprogramma fries museum, histoarysk sintrum ljouwert en tresoar
Untdek yn it Fries Museum it ferhaal fan Frisia yn de 7de en 8ste iuw, dûk by Tresoar yn de Aldfryske taal en de Aldfryske wetten en ûndersykje by HCL de archeologyske fynsten út it Aldehoustertsjerkhôf. It kombinaasjeprogramma is op oanfraach mooglik op ferskate tiisdeis en tongersdeis fanôf 12 novimber o/m 17 desimber 2026. De gearstalling meitsje wy op maat, yn oerlis.
boek oanslutend in kreative ambachtsworkshop yn it atelier
It ûnderwiisbesyk wurdt noch leuker mei in workshop yn it atelier:
- Meitsje dyn eigen fibula (mantelspjelde) fan izertried en glêskralen
- Untwerp dyn eigen munt mei help fan embossen
Net ferplichte, wol superleuk!
tarieding yn ’e klasse
Tsjil Tsjekt Kening Redbad – Frysk mei Nederlânske ûndertiteling
Besjoch yn ’e klasse de earste of alle fjouwer ôfleveringen fan de fideosearje fan Tsjil Tsjekt oer Redbad en syn tiid. Untwikkele troch Omrop Fryslân yn gearwurking mei Afûk, Cedin en Fries Museum. Mei yngong fan 14 septimber 2026 online.
Rollespul Mythemakers yn ’e maak
Op dit momint ûndersykje wy mei Mythemakers oft it rollespul Mythwatch: the Age of Redbad geskikt is foar VO-learlingen, hâld dizze website yn ’e gaten!
Spilers belibje op in ynteraktive wize de tiid fan Redbad.