REDBAD
de legindaryske kening
Ea, yn in fier, fier ferline, hearske der oer it grutte Frisia in legindaryske kening. Redbad wie syn namme, de grutste kening dy't dizze streken oait kend hawwe. Mear as tûzen jier nei syn dea leare wy de machtige Noardseekening einlings echt kennen.
It Fries Museum makket him op foar in epyske tentoanstelling. Yn REDBAD: de legindaryske kening komt it Frisia fan de 7e en 8e iuw: in Noardseegebiet dat him útstuts fan de Nederlânske oant de Noard-Dútske kust en it Utertske rivieregebiet, as nea earder ta libben. Fan 5 septimber 2026 o / m 7 febrewaris 2027 te sjen.