Geane jim mei op reis nei in magysk lân fan legindaryske keningen en mytyske wêzens? In lân dêr't de see en de natuergoaden it foar it sizzen hawwe? Dûk yn de iere midsiuwen mei de nije Tsjil Tsjekt special ‘Redbad - de Fryske kening’ en ûntdek it ferhaal fan it Fryske keninkryk!
It ferhaal fan kening Redbad spilet him ôf yn de 7e en 8e iuw, om it jier 700 hinne. De Friezen hawwe yn dy tiid in grut keninkryk fan België oant Denemarken. En dat is nochal in aventoer... Want dêr't de minsken yn it fiere noarden fredich oan ’e kust wenje op harren terpen, stiet oan ’e súdgrinzen fan it ryk in grutte fijân foar de doar: de Franken! Kening Redbad moat alles op alles sette om oan de macht te bliuwen en it Fryske ryk te beskermjen. Sil him dat slagje?
‘Redbad - de Fryske kening’ is in gearwurkingsprojekt fan Fries Museum, Omrop Fryslân en Afûk, besteande út in fideosearje en byhearrend lespakket. De searje bestiet út 4 ynteraktive ôfleveringen (Frysk sprutsen en Nederlânsk ûndertitele) dêr’t prachtich twatalich lesmateriaal by makke is foar de boppebou fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dizze lessen soargje foar ferdjipping op de tema's fan de ôfleveringen, spylje yn op aktuele ûnderwerpen en daagje learlingen út om sels ek op ûndersyk út te gean.
De eksposysje oer Redbad en it Fryske keninkryk – mei echte foarwerpen út dy tiid, lykas swurden, muntskatten en bysûndere klean – is oant 7 febrewaris 2027 te sjen yn it Fries Museum. De tentoanstelling, yn kombinaasje mei de fideosearje en it lespakket, is in unike kâns om mei learlingen de ferhalen út de iere midsiuwen te belibjen en te ûntdekken!
Nijsgjirrich wurden nei it projekt?
De fideosearje is fan 21 septimber ôf te finen op keningredbad.nl.
Wolst it printe lesmateriaal tastjoerd krije? Bestel dan fergees de Redbad-boks foar yn de klasse fia de webside keningredbad.nl.