kick-offs onderwijsprogramma's
redbad

kick-offs ûnderwiisprogramma's

it ferhaal fan redbad komt ta libben yn de tentoanstelling én it ûnderwiis

meld dy oan

Kom as ien fan ’e earsten yn ’e kunde mei it Redbad-ûnderwiisprogramma fol mei direkt ta te passen lessen, opdrachten en ynteraktive wurkfoarmen. Untdek hoe’t histoaryske ferhalen, aktuele tema's en erfgoed byelkoar komme yn lessen dy’t direkt yn te setten binne yn ’e klasse.

afb1
afb2

wat kinst ferwachtsje?

By de Redbad kick-offs ûntdekst hoe’t histoaryske ferhalen, aktuele tema's en erfgoed byelkoar komme yn lessen dy’t direkt yn te setten binne yn it ûnderwiis. Kinst ûnder oaren rekkenje op:
• In earste kennismakking mei it Redbad-ûnderwiisprogramma
• Direkt tapasbere lessen, opdrachten en ynteraktive wurkfoarmen
• Even rûnsjen yn de tentoanstelling Redbad: de legindaryske kening
• Moetingen mei kollega-dosinten en ûnderwiisprofessionals
• Ynspiraasje foar ferskate fakgebieten en ûnderwiisnivo’s

foar wa en wannear?

kick-off 1 | primêr ûnderwiis & ûnderbou fû

17 septimber 2026
14:45 – 18:00
Fries Museum, Ljouwert
Untdek lesaktiviteiten en wurkfoarmen foar jonge learlingen.

kick-off 2 | boppebou fû, mbû & dútske ûnderwiisynstellingen

24 septimber 2026
14:45 – 18:00
Fries Museum, Ljouwert
Ferken boargerskip, ambachten en ynteraktive wurkfoarmen yn ’e mande mei Nederlânske en Dútske ûnderwiisprofessionals

meld dy oan

wêrom redbad?

Om it jier 700 hinne libbe kening Redbad, hearsker oer in gebiet dat him útstrekte fan de Nederlânske oant de Noard-Dútske kust en it Utertske rivieregebiet. Hy stie bekend as in sterke lieder dy’t libbe yn in tiid fan grutte feroaringen. Krekt dêrom is syn ferhaal hjoed noch altyd fan betsjutting. It ropt fragen op dy’t no ek spylje:
• Wa bisto en wêr hearst by?
• Wat betsjut macht?
• Wat gebeurt der wannear’t ferskillende kultueren en oertsjûgingen elkoar treffe?
• Hoe giest om mei feroaring?
Binnen Redbad wurkje musea, ûndersikers en ûnderwiisynstellingen út Nederlân en Dútslân meielkoar gear om dy tema's om te setten yn nije manieren fan learen, belibjen en ûntdekken. It ferhaal fan Redbad komt ta libben yn in tentoanstelling, in ûnderwiisprogramma, in roleplaying game en ferskate edukative aktiviteiten.

Tentoanstelling Redbad: de legindaryske kening

By de kick-offs heart ek in besite oan de tentoanstelling Redbad: de legindaryske kening. De tentoanstelling fertelt it ferhaal fan de legindaryske Fryske kening Redbad en pleatst syn tiid yn in bredere histoaryske kontekst. It ûnderwiisprogramma en de tentoanstelling fersterkje elkoar en biede nije mooglikheden om skiednis, boargerskip, kultuer en identiteit besprekber te meitsjen.

projekt redbad en partners

De Redbad kick-offs wurde organisearre yn gearwurking mei Learning Hub Friesland, Fries Museum, Firda en de oare partners binnen it projekt. REDBAD is in ynternasjonaal ûndersyks- en publyksprojekt fan njoggen Nederlânske en Dútske partners om kening Redbad en de iermidsiuwske Noardseewrâld hinne. It projekt omfettet tentoanstellingen, wittenskiplik ûndersyk, ûnderwiisprogramma’s, in publyksboek en it rollespul Mythwatch. It projekt wurdt útfierd yn it ramt fan it Interreg VI-programma Deutschland-Nederland en mei finansiere troch de Europeeske Uny, Provinsje Fryslân, Provinsje Grinslân en de Niedersächsische Staatskanzlei.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer