mythwatch: the age of redbad

histoarysk ûndersyk wurdt spylber yn nij rollespul oer kening redbad

Wittenskippers, musea en game-ûntwerpers bringe de iermidsiuwske Noardseewrâld ta libben yn Mythwatch: The Age of Redbad

Hoe seach de wrâld fan kening Redbad derút? Hoe reizgen minsken lâns de Noardseekust? Watfoar goaden ferearen sy, watfoar talen sprutsen sy en hoe seach it lânskip dêr’t sy yn libben derút? Dy fragen steane sintraal yn Mythwatch: The Age of Redbad, in nij histoarysk rollespul dat ûntwikkele wurdt troch Stichting Mythemakers út Fryslân yn gearwurking mei wittenskippers, archeologen en musea út Nederlân en Dútslân. Dit is it earste histoaryske rollespul dat rjochtstreeks fuortkomt út in ynternasjonaal ûndersyksprojekt. Lânskippen, personaazjes en ferhaallinen binne basearre op aktueel wittenskiplik ûndersyk nei de iermidsiuwske Noardseewrâld.

het spel

It spul makket diel út fan it ynternasjonale REDBAD-projekt fan it Fries Museum, dêr’t njoggen Nederlânske en Dútske partners yn gearwurkje oan nij ûndersyk nei kening Redbad en syn tiid. Neist in grutskalige tentoanstelling omfettet it projekt in wittenskiplike publikaasje, in publyksboek en ûnderwiisprogramma’s yn beide lannen.

Mythwatch: The Age of Redbad ferskynt op 4 septimber 2026 yn in lúkse doazeútfiering en is te krijen fia de webshop fan Mythemakers, online ferkeapkanalen en de museumwinkel fan it Fries Museum. By de tentoanstelling REDBAD: de legindaryske kening (5 septimber 2026 o/m 7 febrewaris 2027) wurde yn it museum en op oare lokaasjes ferskate spuljûnen organisearre. It spul giet no yn de foarferkeap: sjoch foar mear ynformaasje op www.mythwatch.nl of www.friesmuseum.nl/mythwatch

It spul sil alderearst beskikber wêze yn it Nederlânsk en Ingelsk, in Dútske ferzje is noch yn ûntwikkeling.

wereld van redbad

spulwrâld basearre op nij ûndersyk

Yn Mythwatch krûpe spilers yn ’e hûd fan ferhalefertellers yn it iermidsiuwske Frisia. Watfoar beslissingen nimsto as hanneler, kriger of reizger yn in wrâld fan hannel, diplomasy, leauwe en striid? Hoe giest om mei de spanningen tusken âlde goaden en nije oertsjûgingen? De spulwrâld is streekrjocht basearre op rinnend wittenskiplik ûndersyk. It lânskip wêryn’t de spilers reizgje is bygelyks foarmjûn yn gearwurking mei lânskipsarcheolooch Mans Schepers fan de Ryksuniversiteit Grins. Syn ûndersyk nei de leefomjouwing fan kustbewenners om it jier 700 hinne foarmet in belangrike basis foar it spul. Aldfrisist en histoarysk-antropolooch Han Nijdam fan de Fryske Akademy holp de spulmakkers ûnder oaren by de oersetting fan de nammen fan raven Huginn en Munnin yn it Aldfrysk: Hei en Minke. Ek de personaazjes binne ynspirearre op archeologyske fynsten. Sa kinne spilers kieze foar in hoeder dy’t ynspirearre is op de Man fan Bernuthsfeld. Dat is in útsûnderlik feanlyk fan in man út ’e omkriten fan Aurich dy’t om it jier 700 libbe. Syn trouwe hûn Oda is ôflaat fan in hûneskelet út de kolleksje fan it Fries Museum, wêrfan’t resint ûndersyk mear ynsjoch joech yn uterlik en libben. It spul jout ek in gesicht oan de legindaryske kening Redbad en syn dochter Theudesinde. Hoewol’t der in portret fan Redbad út de 17e iuw is, hat Mythemakers yn gearwurking mei Diana Spiekhout (konservator Fries Museum) en Frederique Nobel (visual artist) in ympresje ûntwikkele fan syn gesicht yn de tiid dat syn keninkryk op it hichtepunt wie. Der is net folle bekend oer de dochter fan Redbad, mar troch har ek in gesicht te jaan wol it spul ek it froulike perspektyf sjen litte yn de wrâld fan Redbad.

redbad
mythemaker valt door de tijd

skiednis belibje

Mei Mythwatch wolle de makkers nije doelgroepen yn ’e kunde komme litte mei skiednis. Net troch skiednis allinnich te lêzen of te besjen, mar troch dêr aktyf ûnderdiel fan te wurden. It spul is mei ûntwikkele mei input út it jongereinwurk wei (Wytse Wierda fan Sociaal Werk De Kear) en studinten fanút Firda en NHL Stenden ûntwikkelje fideomateriaal en visuals. It ôfrûne jier hawwe der in oantal testmominten foar it spul west by ûnder oaren jeugdhelporganisaasje Team050 yn Grins en yn Observeum yn Burgum. Sa koenen jongeren meitinke en feedback jaan op de ûntwikkeling fan it spul. It spul en losse spuleleminten wurde takom skoaljier ynset by Firda as ûnderdiel fan de fakken boargerskip en brede foarming. Krekt foar jongeren dy’t minder goed oanslute by tradisjonele foarmen fan ûnderwiis kinne sokke spulfoarmen in weardefolle manier wêze om kennis op te dwaan en selsfertrouwen te ûntwikkeljen. Ynternasjonaal ûndersyk lit sjen dat rollespullen dielnimmers stimulearje om gear te wurkjen, perspektiven fan oaren yn te nimmen en komplekse situaasjes meielkoar op te lossen. Ek eigen ûndersyk fan Mythemakers mei Team050 ûnderstipet dat, wêrby’t ambulante helpen konkludearren dat harren jongeren learden om better mei ûnbekenden te kommunisearjen en mear út harren skulp krûpten. "It is hartstikke moai dat dit in histoarysk spul is dat basearre is op echt wittenskiplik ûndersyk,” fertelt Diana Spiekhout, konservator by it Fries Museum. “Wittenskippers hawwe besocht om de wrâld fan Redbad sa sekuer mooglik te rekonstruearjen. Der binne in hiel soad ûndersikers by dit projekt belutsen en sy bringe al harren kennis byelkoar om in sa kompleet mooglik byld fan dy perioade te sketsen." 

spelboek
spelblad

mythemakers

Stichting Mythemakers lit jongeren en folwoeksenen yn Noard-Nederlân yn ’e kunde komme mei de krêft fan it meitsjen fan ferhalen en roleplaying games. De missy is om meielkoar ferhalen te kreëarjen wêryn’t kreativiteit, selsûntwikkeling en spylwille sintraal steane, sadat iensumheid ferminderet en sosjale feardichheden groeie. Stichting Mythemakers rjochtet him foaral op jongeren fan 14–35 jier yn Noard‑Nederlân.

spelers 2
spelers 1

projekt redbad

REDBAD is in ynternasjonaal ûndersyks- en publyksprojekt fan njoggen Nederlânske en Dútske partners om kening Redbad en de iermidsiuwske Noardseewrâld hinne. It projekt omfettet tentoanstellingen, wittenskiplik ûndersyk, ûnderwiisprogramma’s, in publyksboek en it rollespul Mythwatch. It projekt wurdt útfierd yn it ramt fan it Interreg VI-programma Deutschland-Nederland en mei finansiere troch de Europeeske Uny, Provinsje Fryslân, Provinsje Grinslân en de Niedersächsische Staatskanzlei.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer