primêr ûnderwiis
redbad

redbad, de legindaryske kening

primêr ûnderwiis

7 septimber 2026 o/m 7 febrewaris 2027

Reizgje werom nei it Frisia fan de 7e en 8e iuw en stap yn ’e wrâld fan kening Redbad! Yn de iere midsiuwen strekte Frisia him út fan de Nederlânske oant de Noard-Dútske kust en it Utertske rivieregebiet. Wittenskippers út Nederlân en Dútslân út ferskillende dissiplines wei hawwe ferrassende nije ynsichten opdien oer Redbad en syn tiid. Yn it Fries Museum komt dy spannende wrâld as noait tefoaren ta libben oan ’e hân fan bysûndere foarwerpen en ferhalen.

afb2
afb1

ûnderwiisprogramma 

It ûnderwiisprogramma foar groep 6, 7 en 8 biedt in ôfwikseljende en aktive museumûnderfining. Untdek alle gesichten fan Redbad yn in tiid fol striid, feroaring en drege beslissingen. Learlingen wurde útdage om nei te tinken. Wat makke Redbad ta in kening? Wat soesto dwaan as kening wannear’t dyn lân, macht en wize fan libjen bedrige wurde soe? Watfoar liederskipseigenskippen hat in kening? En watfoar liederskipseigenskippen sitte yn dy? Hoe giesto mei dysels, in oar en dyn omjouwing om? Doarsto yn syn wrâld te stappen?

Doelgroep pû, groep 6 o/m 8
Wurkfoarmen  
Leargebieten

Fryske taal en kultuer, boargerskip, mins en maatskippij, keunst en kultuer  

Kearndoelen

Oansluting by konsept kearndoelen Fryske taal en kultuer 1, 2 en 5 en kearndoelen 20, 25, 26, 27, 28 en 37

Lingte

museumbesite fan 60-75 minuten 
museumbesite yn kombinaasje mei oanslutende workshop yn it atelier: 120 minuten 

boek oanslutend in kreative ambachtsworkshop yn it atelier 

It ûnderwiisbesyk wurdt noch leuker mei in workshop yn it atelier:

  • Meitsje dyn eigen fibula (mantelspjelde) fan izertried en glêskralen
  • Untwerp dyn eigen munt fan klaai 


Net ferplichte, wol superleuk! 

 

tarieding yn ’e klasse 

Tsjil Tsjekt Kening Redbad – Frysk mei Nederlânske ûndertiteling 

Besjoch yn ’e klasse de fjouwerdielige fideosearje mei Tsjil Tsjekt oer Redbad en syn tiid. Doelgroep groep 6, 7 en 8 primêr ûnderwiis. Untwikkele troch Omrop Fryslân yn gearwurking mei Afûk, Cedin en Fries Museum. Mei yngong fan 14 septimber 2026 online. 

Rollespul Mythemakers yn ’e maak

Op dit momint ûndersykje wy mei Mythemakers oft it rollespul Mythwatch: the Age of Redbad geskikt is foar pû-learlingen, hâld dizze website yn ’e gaten!
Spilers belibje op in ynteraktive manier de tiid fan Redbad.  

 

praktysk 

In museumdosint begeliedt it ûnderwiisbesyk. Fanôf 16 learlingen ferdiele wy de groepen oer twa museumdosinten. Mei beide helten kin ien folwoeksene mei as begelieder. Wolsto dat de rûnlieding yn it Frysk jûn wurdt, jou dat dan oan. Sjoch foar mear praktyske dingen oer boekingen hjir

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer