fries land

no te sjen

It Fries Museum stiet midden yn Fryslân, mar watfoar lân is dat einliks? Untdek dat oan ’e hân fan in unike animaasjefilm yn de tentoanstelling Fries Land. Geografyske en histoaryske kaarten dy’t rikke fan 10.000 jier foar Kristus oant hjoed-de-dei nimme dy mei op reis troch de tiid. De feroaringen yn it Fryske lânskip wurde sichtber. De film is in yntroduksje op de tentoanstellingen De Elf StedenFerhaal fan FryslânDe TerpDe Dyk en Hylpen.

Wat makket Fryslân? It troch grinzen ôfbeakene lân? De taal? Of de geologyske ûntwikkeling fan it hjoeddeistige stikje lân? In animaasjefilm lit sjen hoe’t it lânskip yn ’e rin fan ’e iuwen geologysk en geografysk feroare. De feroarjende grinzen tusken it wetter en it lân wurde troch de iuwen hinne sichtber makke. Dêrneist wurde ek lânkaarten presintearre dy’t minder feitlik fan aard binne. Dy kaarten litte eigentiidske ynterpretaasjes sjen fan it Fryske lân oan ’e hân fan de taal of fan de Friezen dy’t dêr wenje. En sa kin Fryslân him ynienen útstrekke fan Seelân oant Denemarken.

museum
museum
kaart
kaart

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer