ferhaal fan fryslan eigensinnich stikje bûtenlân yn Nederlân

Ferhaal fan Fryslân is in ferrassende kennismakking mei in eigensinnich stikje bûtenlân yn Nederlân. Hoe is Fryslân ûntstien en wat is typysk Frysk? Untdek hoe’t skriuwers, skilders en fotografen troch de jierren hinne nei Fryslân en de Friezen seagen. De útstalling jout antwurd op fragen lykas: hawwe der yn de midsieuwen echt Fryske keningen west en hoe Frysk binne de Fryske kij? In must-see foar Friezen, ek om útens, toeristen en elkenien mei in Fryske âldomke. 

De permaninte útstalling Ferhaal fan Fryslân foarmet it begjinpunt fan in besite oan it Fries Museum. Mear as hûndert foarwerpen jouwe in kaleidoskopysk byld fan Fryslân. Fan it swurd fan Grutte Pier oant de âlde geit fan Jan Mankes en de blommefaas fan Studio Job. De seal is foarmjûn as in objektewolk. As besiker zappe je om samar te sizzen lâns de ûnderwerpen dy’t je ynteressearje en nijsgjirrich meitsje nei de rest fan it museum.

myte

De útstalling lit sjen hoe’t it Fryslân fan no troch minsken makke is. Sa wurdt oan ’e hân fan in memoarjeboerd út 1752 de myte fan de swartbûnte Fryske ko ûntraffele, wylst it poppehûs fan de lytse jonkfrou Clara van Sminia ferhellet

fan it teloargean fan de staten en stinzen. En hoe is it imago fan Fryslân en de Friezen einliks ûntstien? Dêr wurdt yn alle gefallen folop gebrûk fan makke yn de reklamekampanje foar ‘Snelle Jelle’. Op de wanden projektearre dichtrigels litte sjen hoe’t Fryslân yn ’e rin fan de tiid troch dichters beskreaun is.

fryslângefoel

Der is yntinsyf gearwurke mei ferskate kollega-ynstellingen yn Fryslân. Tresoar hat yn in ier stadium meitocht oer de útstalling en lient tsien topstikken út. ‘Film in Friesland’ stelde films beskikber en makke kompilaasjes. De eigentiidske foarmjouwing, dêr’t byld en lûd in belangrike rol yn spylje, is yn hannen fan it Amsterdamske Bureau Opera. De besiker wurdt ûnderdompele yn Fryslân en ferkeart midden yn de wrâld dêr’t alle ferhalen fan de útstalling har yn ôfspylje. Einleas strekke it Fryske lânskip en de Fryske loften har op de wanden út. Roelof&Lars bereizgen de hiele provinsje en kreëarren it grutste fotopanorama fan Nederlân. In soundscape fan Studio Louter draacht by oan it Fryslângefoel. In ferhaleboek en in dochblok litte jong en âld meielkoar it ferhaal fan Fryslân ûntdekke.

wikselpresintaasjes

Om de grutte seal hinne geane sa’n tsien lytsere wikseljende presintaasjes djipper yn op Fryske tema’s. Oan de Fryske taal is in aparte seal wijd, dêr’t je harkje, lêze en sjen kinne nei ús twadde rykstaal. Yn gearwurking mei de Afûk komme Fryske wiisheden, in Fryske muzykmiks en in minykursus Frysk oan bod. De Berlynske multymediakeunstner John Bock bringt de Hylper stylkeamer ta libben op syn eigen, absurdistyske manier. It âldste Fryske ding spilet de haadrol yn in muorrefoljend stripferhaal fan tekener Joost Swarte. Tûzenen ôfbyldingen fan Fryske doarpen en stêden binne digitalisearre en wurde no foar it earst toand yn in spektakulêre presintaasje. MUSE-winneres Petra Weijsenfeld toant har wurk. En wat ferburch Mata Hari achter har sluiers? De rintiid fan de lytse presintaasjes is ferskillend, der is altyd wat nijs en aktueels te sjen.

De útstalling Ferhaal fan Fryslân is mooglik makke tanksij finansjele stipe fan de BankGiro Loterij, it Mondriaan Fonds, Wetterskip Fryslân, it Ritske Boelema Gasthuis, it Eems Dollard Regio Fonds/Land der Entdeckungen, it Nieuwe Stads Weeshuis, it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân, it GG Bolhuisfonds, Stichting Woudsend Anno 1816, Stichting Juckema Siderius Fonds, it Leeuwarder Ondernemers Fonds,  de Boelstra Olivier Stichting, de Meindersma-Sybenga Stichting en it Keninklik Frysk Genoatskip. It nije Fries Museum wurdt mei finansiere troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provinsje Fryslân, it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, EZ/Kompas en de BankGiro Loterij.

zwaard van grutte pier