de elf steden hans wilschut

Fan 27 jannewaris ôf binne trettjin nije wurken fan Hans Wilschut (1966) te sjen. Yn opdracht fan it Fries Museum makke de lânskipsfotograaf foto’s fan de Fryske alve stêden en Drachten en It Hearrenfean. Wilschut liet him dêrby ynspirearje troch âlde sketsen, printen en tekeningen út de kolleksje fan it Fries Museum. Dy binne tagelyk mei de foto’s te sjen yn De Elf Steden.

Foto Hans Wilschut

Yn de 17de en foaral yn de 18de iuw rûnen tekeners troch Fryslân om it oansicht fan stêden, doarpen, strjitten en belangrike gebouwen op papier te setten. Oant de komst fan de fotografy waard it stedslânskip op dy manier fêstlein. Dy sketsen, printen en tekeningen jouwe in byld fan hoe’t de stêden yn ’e rin fan ’e tiid groeiden.

Mei de opdracht fan it Fries Museum oan fotograaf Hans Wilschut om de stêden fan Fryslân te portrettearjen, wurdt dy tradysje nij libben ynblaasd. Wilschut lit in eigentiidske blik sjen op de trettjin Fryske stêden fan no. En hy biedt in bysûnder perspektyf. Letterlik, om’t er in protte út ’e hichte wei fotografearret. Figuerlik, om’t er út dat stânpunt wei foaral each hat foar plakken fan transformaasje. Neist de tradisjonele alve stêden portrettearret er ek Drachten en It Hearrenfean, plakken dy’t einliks gjin doarp mear neamd wurde kinne.

stedsgebiet

Hans Wilschut fotografearret urbane stillibbens, hy reizget as in ûndersiker troch it lânskip en leit dat fanút in ûnferwachte hoeke fêst. De fotograaf hat ferskate solotentoanstellingen yn binnen- en bûtenlân hân, wêrûnder yn it Fried Contemporary yn Pretoria, Constant Capital Gallery yn Lagos, en Museum Boijmans Van Beuningen en it Historisch Museum yn Rotterdam.