10-jierrich jubileum

10-jierrich jubileum

museum fiert 10-jierrich jubileum fan nij gebou mei feestprogramma

koop tickets

Op 13 septimber 2013 iepene Keninginne Máxima it nagelnije gebou yn it hert fan Ljouwert. Dêrmei waard it Fries Museum it earste folslein nij boude Nederlânske museum fan de 21ste iuw. Yn it ramt fan dat 10-jierrich jubileum fiert it museum feest.

Sneon 16 en snein 17 septimber is it museum fergees iepen foar elkenien, want wa't in jierdei hat, traktearret! Der binne unike speedtours (û.o. mei de direkteur fan it museum én it haad befeiliging meist ien kear achter de skerms sjen), wurkwinkels foar de hiele famylje, en ûntdekst fansels fergees de nijste tentoanstellingen. Wis wêze fan tagong? Reservearje alfêst in tagongsbewiis fia de webside.

Kultuer, identiteit en erfgoed

De rigen foar it museum, de Fryske Motor, it Fikingskip, de Escheriaanske projekten yn 2018; yn 10 jier is in soad bard. Hoe wichtich kultuer, identiteit en erfgoed foar Friezen is, docht wol bliken út it feit dat mar leafst 1 op de 3 ynwenners fan de provinsje (geregeld) nei it museum giet. It nije gebou en blockbusters as Alma-Tadema: klassieke verleiding en Escher op reis soargen net allinnich foar in gefoel fan grutskens en ienheid, se leveren troch it grutte tal kultuertoeristen ek ekonomysk in soad op foar de provinsje. Treinladingen besikers kamen nei de provinsje bûten it toeristysk seizoen en bleaune hjir te oernachtsjen of in hapke te iten. Maatskiplik spile it museum ek in gruttere rol, allinnich al omdat it op it plein ynienen in stik sichtberder wie. It nije museum bea mear romte om learlingen en studinten út hiel Fryslân te ûntfangen, en dêr meitsje de skoallen noch hieltyd tankber gebrûk fan. Skoalklassen binne bygelyks massaal oan it breidzjen slein (Breien!, 2016) of stoarten har yn âlde, Fryske ambachten (Éric Van Hove: Fenduq, 2019 ). It museum wûn, troch it massale stimmen fan alle fans en Friezen, sels de lanlike Museumpriis.
Op kolleksjegebiet binne neist prachtige oankeapen, fan Entrance of the Theatre fan Sir Lawrence Alma-Tadema (2015) - in kaaiwurk yn syn oeuvre en de grutste oankeap fan it museum ea - ta in Fryske Mondriaan (2023), ek stappen set yn de tagonklikens fan de enoarme kolleksje. Troch digitalisearring, mar ek troch it útlienen oan oare Fryske musea.
De kolleksje dy't it Fries Museum beheart, is permanint op mear as 100 lokaasjes te sjen. De drompel foar it lienen fan dy kolleksje troch oare Fryske musea is koartlyn noch bot ferlege troch in nije oerienkomst mei it Koninklijk Fries Genootschap (2022).

Besyksifers
Yntusken mocht it ‘nije’ Fries Museum sûnt dy weriepening 1,4 miljoen besikers ûntfange. Mei útsjitters nei ûnderen troch de lockdown-maatregels fanwegen it koroanafirus yn 2021 mei 67.000 besikers. En útsjitters nei boppen lykas it topjier fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân yn 2018 mei 350.000 besikers. It nije museum lûkt hast trije kear safolle besikers as it âlde museum, dat alle jierren 55.000 besikers telde.

Grut foarrjocht
Yn 10 jier tiid hat it Fries Museum bewiisd mear wêze te kinnen as allinnich in bewarplak foar keunst en erfgoed. It museum ûndergie oer de hiele liny in transformaasje: gebou, kolleksjebehear, tentoanstellingen, aktiviteiten en mear.

De organisaasje groeide mei. Wannear't je meiwurkers fan it museum freegje wêr't se it meast grutsk op binne, rinne de antwurden útinoar. Inge Hekman is in edukaasjemeiwurker fan de earste oere en fertelt:

‘Hiel bysûnder as in 4de klasser út it fuortset ûnderwiis as reaksje op de fraach: ‘Hasto hjir alris earder west?’ spontaan útropt: ‘Ja! Want ús lappion (Breien!, 2016) hong yn it museum doe't ik op de basisskoalle yn groep 6 siet!’, benammen ast betinkst dat der seker 6 jier tusken dy twa besites siet.
By elke útstalling besykje wy foar alle ûnderskate learlingen en studinten dy’t by ús komme om sa’n ûnútwisbere yndruk efter te litten troch ûnderwiisprogramma’s te meitsjen dy’t ta-eigening stimulearje; fan dizze breid-ûnderfining foar groep 5/6 - basisskoallelearlingen oant fmbû-learlingen en mbû-studinten dy't gearwurkje mei ambachtslju as Roosje Hindeloopen, Erno Korpershoek en Lies Keramiek, en sels nei Marrakesh ôfreizgje om mei te wurkjen oan de Fryske motor fan Éric Van Hove, mbû-studinten dy’t in foarstelling meitsje yn de hjoeddeistige keunstenttoanstelling fan Taus Makhacheva en Petrit Halilaj. Ik beskôgje it as in grut foarrjocht dat ik mei myn wurk in bydrage leverje mei oan de kulturele ûntwikkeling fan jonge minsken.’

Takomst
Mei goed 200.000 foarwerpen herberget it Fries Museum de grutste provinsjale kolleksje fan Nederlân. Der bart in soad achter de skermen. Sa wurde der ûnderwiisprogramma’s ûntwikkele, sadat ek de nije generaasje yn 'e kunde komt mei de rike skiednis fan harren provinsje. It museum hâldt him dwaande mei digitalisearring, sadat minsken online troch harren eigen erfgoed, skilderijen, hjoeddeistige keunst en archeology omsneupe kinne. It ferleegjen fan de drompel ta kultuer stiet ek heech op de aginda, troch it organisearjen fan aktiviteiten foar kwetsbere doelgroepen, lykas de spesjale rûnliedingen foar minsken dy’t demint binne, fergeze berneworkshops op sneinen, gearwurkingen mei VluchtelingenWerk en gebaretaalrûnliedingen. Publykswerving spilet in wichtige rol, sadat toeristen út it hiele lân stimulearre wurde om nei ús moaie provinsje te kommen. As lêste geane de útstallings lykop mei wiidweidige publikaasjes en wittenskiplik ûndersyk, lykas Wij Vikingen! en de resinte Midsiuwen-tentoanstelling, dy't beide ûnderbeljochte haadstikken yn de skiednis ta libben brochten. Dêrmei leveret it museum in wichtige bydrage oan de kennis en it ynsjoch yn regionale skiednis.

It museum hopet dy line trochsette te kinnen en makket him op foar de takomst mei it bysûndere projekt Fries Museum op paad, dêr't kolleksjestikken troch de provinsje reizgje, werom nei de plakken dêr't se wei komme.


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer