fryslân fan boppen
6 maaie 2023 oant en mei 23 maart 2025
Fryslân is kontinu yn beweging. Fan de grûn ôf is dat net altyd sichtber, mar ast de provinsje fan boppen ôf besjochst, falt op hoe’t notiid en ferline patroanen neilitte yn it lânskip. De fototentoanstelling Fryslân fan boppen leit dizze spoaren hierskerp bleat. Op histoaryske en nije loftfoto's ‘lêze’ jo it lânskip fan boppen ôf en ûntdekke jo op hokker wizen tiid en minske dizze provinsje de ôfrûne iuwen tekene hawwe. Fryslân fan boppen is fan 6 maaie 2023 oant en mei 23 maart 2025 te sjen yn it Fries Museum yn Ljouwert.