ûnderwiisprogramma
It ûnderwiisprogramma foar it mbû biedt in ôfwikseljende en aktive museumûnderfining. Untdek alle gesichten fan Redbad, kening fan Frisia. Ferskate boargerskipstema's steane sintraal yn alderlei opdrachten by it besyk.
Troch ferskillende stânpunten yn te nimmen, ûndersykje wy wa’t Redbad wie en hoe’t syn ferhaal troch de iuwen hinne ferteld is. Wat wy oer him witte, is foaral besongen, trochferteld en inkeld sporadysk opskreaun. Mar troch wa? Dêrtroch komt de fraach op: wat kinne wy einliks ûntdekke oer de tiid wêryn’t hy libbe?
Wy ûndersykje hoe’t de maatskippij der doe útseach, wa’t de macht hie en hoe’t minsken mei elkoar en harren leefomjouwing omgienen. Tagelyk lizze wy ferbiningen mei it no. Werkenne wy aspekten fan dy maatskippij yn ússels en yn de wrâld fan no? Watfoar wearden fine wy hjoed belangryk, en binne dat deselden as yn ’e tiid fan Redbad? Sa nûget de tentoanstelling út om net allinnich nei it ferline te sjen, mar ek nei te tinken oer ússels en ús eigen maatskippij.
| Doelgroep |
mbû alle learjierren en nivo’s
|
| Wurkfoarmen |
sjen, ûndersykje, ferbyldzje, gearwurkje, miening foarmje, fertelle, tekenje, skriuwe
|
| Leargebieten |
Boargerskip, keunst en kultuer (ambachten), mins en maatskippij, taal, Fryske taal en kultuer
|
|
Oansluting by
|
tema's lykas migraasje, identiteit, religy
|
| Lingte |
museumbesite fan 45-75 minuten museumbesite yn kombinaasje mei oanslutende workshop yn it atelier: 90-120 minuten
|