Fan wa bisto ien? Wêr komsto wei? Wa’tsto hjoed bist, is in optelsom fan in hiel soad dingen. Hoe maklik wie it foar dyn pake en beppe om nei skoalle te gean? Hoe is dyn doarp troch de jierren hinne feroare? Wat fûnen dyn âlders gewoan? Dat binne allegear stikjes dy’t dy in bytsje ta dy meitsje.
De kommende jieren giet it Fries Museum 'op paad' troch Fryslân mei in bus fol stikken dy’t wat sizze oer dy. Oer ús. Oer ús provinsje en ús gewoanten. En it moaie is: it binne ek écht stikjes fan dy.
Op tiisdei 9 septimber 2025 is it Fries Museum te gast yn Ketlik. Hjir fiere we twa jierdeis: de 55ste jierdei fan Stichting Alde Fryske Tsjerken, én de 500ste jierdei fan it Kerkje fan Ketlik. Doarpsbewenners kinne delkomme by de Thomastsjerke, hjir stiet de museumbus dêr't je bysûndere ferhalen efter echte museumstikken ûntdekke kinne: fan midsiuwske boaiemfynsten oant foarwerpen út oarlochstiid. Ferhalenfertellers steane klear om der alles oer te fertellen.
Tiid: 14.30 - 17.00 oere
Lokaasje: De Thomastsjerke (Kerkelaan 20, 8455 JR, Ketlik)
De fiering is besletten, mar de museumbus is fergees tagonklik!