Al sa'n 115 jier meitsje de oerbliuwsels fan de'terpenhond ' út Ferwert diel út fan de rike archeologyske kolleksje fan it Fries Museum. Dochs wiene der oant koart noch in soad fragen oer it bist: yn hokker tiid libbe de hûn, hoe seach it derút, wie it sûn, hoe âld wie it doe't it stoar en wie it in teef of reu? No, yn 2025, hat it Fries Museum nei in wiidweidich ûndersyk lang om let byld by ‘ús húsdier’

Op dieredei, sneon 4 oktober 2025, komt de 'Terpehûn' wer efkes thús! Mei in feestlik programma foar jong en âld, hûneleafhawwers, én sels katteminsken, fertelt it museum mear oer de hûn. Sa is der in spesjale ferhalemiddei wêryn't ekspert Diana Spiekhout, konserfator fan it Fries Museum, fertelle wa't de hûn wie, mar ek hoe't de rol fan it bist feroare is troch de jierren hinne. De jongste besikers kinne oanskowe by in fergeze kreative workshop wêryn't se yn de hûd krûpe fan in archeolooch! Fansels is ek de museumbus oanwêzich dêr't noch mear unike museumstikken te bewûnderjen binne. Ferhalenfertellers binne oanwêzich om dy der alles oer te fertellen. Elkenien is fan herte wolkom, kom ek del!

Datum: sneon 4 oktober 2025
Tiid: 10.00 - 17.00 oere
Lokaasje: Besikerssintrum Hegebeintum, Pypkedyk 4, 9173 GC Hegebeintum (Parkeren kin by de Bietenopslag op de Harstawei, op 5 minuten rinne fan it ynfosintrum.)

Besjoch hjirûnder it programma.

Foto door Aron Weidenaar
Foto door Aron Weidenaar
Foto door Aron Weidenaar
Foto door Aron Weidenaar

programma

Fan 10.00 oant 17.00 oere is de museumbus oanwêzich by it besikerssintrum fan Hegebeintum (Pypkedyk 4). Besikers kinne yn de museumbus ferskate museumstikken ûntdekke en genietsje fan de ferhalen dy't efter de foarwerpen skûl gean. Yn it besikerssintrum, dêr't ek in eksposysje te sjen is oer terpôfgravings, is de terpehûn te bewûnderjen.

13.00 - 15.00u workshop: oant op'e bonke!

Krûp yn de hûd fan in archeolooch yn dizze kreative workshop! By in archeologyske opgraving wurdt der fan alles fûn: âlde munten en ierdewurkskerven, mar faak ek hûnderten bonken fan bisten. In archeolooch kin allerhanne ynformaasje út de bonken helje: fan hokker bist in bonke is, hoe âld it bist wurden is en hoe't it bist deagien is. Boppedat waarden bonken faak troch minsken brûkt as grûnstof, bygelyks om wurktugen en sieraden fan te meitsjen.
Yn dizze workshop lit archeolooch Johan van Gent sjen wat in archeolooch mei bonken docht. Dêrnei meist sels ek oan de slach mei echte bonken. Besykje út te sykjen hokker bot by hokker bist heart, en puzel in skelet yninoar. De workshop is spesjaal foar bern, mar folwoeksenen binne fansels ek wolkom om oan te skowen.

Sels ek bonken fûn? Nim se rêstich mei! Johan sil dy helpe om se te determinearjen.

15.30 - 16.15u ferhalemiddei

De Terpehûn fan it museum is koartlyn ûndersocht wêrtroch't der no folle mear dúdlik wurden is oer it bist. Op de ferhalemiddei fertelt Diana Spiekhout, konservator fan it Fries Museum, mear oer dit ûndersyk. Se fertelt net allinnich wa't it bist wie, se giet ek yn op de skiednis fan de hûn yn Fryslân. Op de ferhalemiddei wurdt ek de nije namme fan de Terpenhond ûntbleate.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer