Fan wa bisto ien? Wêr komsto wei? Wa'tst hjoed bist, is in optelsom fan in hiel soad dingen. Hoe maklik wie it foar dyn pake en beppe om nei skoalle te gean? Hoe is dyn doarp troch de jierren hinne feroare? Wat fûnen dyn âlden normaal? It binne allegearre stikjes dy't dy wat meitsje.
It Fries Museum is ‘op paad’. Mei in bus fol stikken dy't wat sizze oer dy. Oer ús. Oer ús provinsje en ús gewoanten. En it moaie is: it binne ek écht stikjes fan dy.
Op freed 19 septimber is it Fries Museum mei de museumbus te gast yn Gerkeskleaster-Strobos by de Bloeiweek (19 o/m 24 septimber 2025). Dizze wike stiet yn it ramt fan ' Water'en hat as doel om duorsumens en bewustwurding tichter by de ynwenners te krijen. De museumbus is oanwêzich op it Undernimmersfestival en Strjitfestival. Besikers kinne by de museumbus yn de kunde komme mei in tal bysûndere museumstikken. Ferhalenfertellers binne oanwêzich om der alles oer te fertellen.
Datum: freed 19 septimber 2025
Tiid: 15.00 - 20.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje op www.bloeit.frl