Fan wa bisto ien? Wêr komsto wei? Wa’tsto hjoed bist, is in optelsom fan in hiel soad dingen. Hoe maklik wie it foar dyn pake en beppe om nei skoalle te gean? Hoe is dyn doarp troch de jierren hinne feroare? Wat fûnen dyn âlders gewoan? Dat binne allegear stikjes dy’t dy in bytsje ta dy meitsje. 

Noch oant en mei ein 2026 giet it Fries Museum 'op paad' troch Fryslân mei in bus fol stikken dy’t wat sizze oer dy. Oer ús. Oer ús provinsje en ús gewoanten. En it moaie is: it binne ek écht stikjes fan dy.

Op sneon 28 maart 2026 is it Fries Museum te gast yn Easterwierrum by de Histoaryske Noflike Middei. Op dizze middei komst by de museumbus yn'e kunde mei in tal fan dizze ‘stikjes fan dy’. Spesjaal foar de gelegenheid nimme wy ek wat ekstra's mei: in seldsume munt út de iere midsiuwen (580 - 660). Dizze munt waard yn 1908 fûn by de ôfgraving fan de tsjerketerp yn Easterwierrum. Yn de Noflike Middei komt de iuwenâlde munt nei goed 100 jier werom nei it fynplak. Wêr komt de munt wei? En wat fertelt dizze munt ús oer de skiednis fan Easterwierrum? Us ferhalefertellers fertelle dy der alles oer.

Datum: sneon 28 maart 2026
Tiid: 13.30 - 16.30 oere
Lokaasje: By MFS De Tysker (Skuorrehofwei 2 a, Easterwierrum)

It hiele programma is fergees tagonklik, kom ek del!

Foto door Aron Weidenaar
Foto door Aron Weidenaar
Foto door Aron Weidenaar
Foto door Aron Weidenaar

oer de histoaryske noflike middei

Op sneon 28 maart 2026 fynt in 'histoaryske middei' plak yn Easterwierrum. Yn de middei wurde ûnder oare âlde foto’s fan it doarp toand by in presintaasje en is der in tentoanstelling te sjen mei sammele materiaal oer Easterwierrum. De middei is foar elkenien fergees tagonklik fan 13.30 oant 17.00 oere. De presintaasje wurdt in pear kear werhelle. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer