Fan wa bisto ien? Wêr komsto wei? Wa’tsto hjoed bist, is in optelsom fan in hiel soad dingen. Hoe maklik wie it foar dyn pake en beppe om nei skoalle te gean? Hoe is dyn doarp troch de jierren hinne feroare? Wat fûnen dyn âlders gewoan? Dat binne allegear stikjes dy’t dy in bytsje ta dy meitsje.
De kommende jieren giet it Fries Museum 'op paad' troch Fryslân mei in bus fol stikken dy’t wat sizze oer dy. Oer ús. Oer ús provinsje en ús gewoanten. En it moaie is: it binne ek écht stikjes fan dy.
Op sneon 6 septimber 2025 is it Fries Museum te gast by de Admiraliteitsdagen! By ús museumbus, te finen oan de Oostersingel, ûntdekst hielendal fergees de bysûndere ferhalen efter echte museumstikken: fan midsiuwske boaiemfynsten oant foarwerpen út oarlochstiid. Ferhalenfertellers stean foar dy klear om dy der alles oer te fertellen. Elkenien is fan herte wolkom, kom ek del!
Datum: sneon 6 septimber 2025
Tiid: 11.00 – 18.00 oere
Lokaasje: Oostersingel, Dokkum
It folsleine programma is fergees tagonklik!
Yn de hiele stêd is der fan alles te belibjen. Sjoch foar it folsleine programma op www.admiraliteitsdagen.nl