Wat witsto oer dyn eigen gemeente? En wat witsto oer de skiednis fan Fryslân? Kom der achter by de spesjale pubkwis fan Fries Museum op Paad. Op woansdeitejûn 12 novimber 2025 organisearret it museum, tegearre mei de gemeente Achtkarspelen, in gesellige kwisjûn yn it gemeentehûs yn Bûtenpost. Mei aardige fragen en feitsjes oer de gemeente Achtkarspelen, de Fryske kultuer mar ek oer de bysûndere ferhalen oer de kolleksje fan it museum. De jûn wurdt presintearre troch wethâlder Tjibbe Brinkman en der is livemuzyk fan Marcel Smit.
Kinst dy oanmelde foar de pubkwis yn teams fan 4 persoanen. De pubkwis start om 19.00 oere en is folslein fergees. De kapasiteit is beheind dus jou dy sa gau mooglik op, want fol = fol!
Datum: woansdei 12 novimber 2025
Tiid: 19.00 - 21.30 oere (ynrin begjint om 18.30 oere)
Groepsgrutte: 4 persoanen
Priis: fergees
Doch ek mei! Meld dy no oan fia it ûndersteande formulier.