It Fries Museum, it Fries Verzetsmuseum en it nasjonale Keramiekmuseum Princessehof sykje in:

direkteur-bestjoerder

foar 32-36 oeren wyks

Benijd sjogge wy út nei ús nije direkteur. In direkteur dy’t ynspirearret, ferbynt en loadst. Immen dy’t it museäle fjild troch en troch ken en út dy ûnderfining wei ús musea posisjonearret en strielje lit. Immen mei saaklik ynsjoch en artistyk ynstinkt. In direkteur dy’t ynnimmend is en doarren iepenet. Bisto ús nije direkteur en komsto om it ferskil te meitsjen?

 

wa sykje wy

Us ideale direkteur-bestjoerder fertaalt út in heldere artistike fyzje wei maatskiplike ûntwikkelingen nei de trije musea. Do hast gefoel foar de politike krêftfjilden en bist it boechbyld fan de musea. Bist in waarme, binende en belutsen persoanlikheid dy’t ynspirearjend en entûsjasmearjend is nei de meiwurkers en frijwilligers ta. Wurkest graach yn in iepen organisaasjekultuer, wurdearrest de profesjonaliteit fan dyn kollega’s en setst har yn har krêft. Langetermynfyzje, ûnderfining mei strategysk organisaasjebelied en kennis fan bedriuwsfiering binnen museäle organisaasjes binne essinsjeel. Kenst de wrâld fan keunst, kultuer en skiednis fan binnenút en beskikst oer in wiidweidich relevant nasjonaal en ynternasjonaal netwurk.

De kommende jierren leit it aksint fan de funksje op:

  • Fersterkjen fan in iepen, kreative en ynspirearjende wurkkultuer
  • It ferstevigjen fan de finansjele basis fan de musea
  • Glâns jaan oan de musea, troch de potinsje fan de organisaasje optimaal te benutten
  • Fergrutsjen fan de wearde fan de musea foar de mienskip yn dizze komplekse tiid
  • It bestindigjen en fergrutsjen fan de gearwurking mei al ús stakeholders


wat dochst

Bist as direkteur yntegraal einferantwurdlik foar de strategy en de operasjonele kant fan de musea. Yn oparbeidzjen mei de teams wurkest oan de langetermynfyzje en de realisaasje fan de formulearre doelstellingen. Bist foarsitter fan it MT, besteand út de ôfdielingshaden Kennis & Kolleksjes, Publyk & Presintaasjes, Relaasjes & Fûnsen, Bedriuwsfiering en Personiel & Organisaasje. As direkteur leist ferantwurding ôf oan de Ried fan Tafersjoch.

De direkteur:

  • is it boechbyld fan it Fries Museum, it Fries Verzetsmuseum en Keramiekmuseum Princessehof, draacht de fyzje en it belied út, posisjonearret de musea en behertiget de belangen fan de organisaasje;
  • is einferantwurdlik foar de artistike ûntwikkeling en de kwaliteit fan de tentoanstellingen en programma’s;
  • soarget foar sterker ynbêde wêzen fan it Fries Museum yn de Fryske mienskip, fergruttet de aktuele wearde fan it Fries Verzetsmuseum en fersterket de posysje fan Keramiekmuseum Princessehof yn nasjonaal en ynternasjonaal ferbân;
  • wurket aktyf oan in iepen en feilige wurkkultuer, dêr’t gearwurking by sintraal stiet;
  • ferbynt, ynspirearret en entûsjasmearret de meiwurkers en de frijwilligers;
  • inisjearret gearwurkingen en giet strategyske alliânsjes oan;
  • is polityk en kultureel sensityf: ûnderhâldt kontakten mei oerheden, fûnsen, sponsors, saaklike partners en oare relaasjes fan de musea en bout it netwurk fierder út;
  • is einferantwurdlik foar it finansjeel behear, de begrutting en ynvestearringen;

oerleit as WOR-bestjoerder mei de ûndernimmingsried.


wat freegje wy fan dy

  • in akademysk wurk- en tinknivo op it mêd fan (hjoeddeistige) keunst, kultuer en skiednis;
  • oantoanbere kennis fan en ynsjoch yn it terrein fan kultuer, museumbelied en keunstbelied;
  • romme ûnderfining yn it foarmjaan fan strategysk belied en it liedingjaan oan in (museäle) organisaasje;
  • oantoanbere ûnderfining yn it kreëarjen fan in transparante en iepen kultuer;
  • in coachende styl fan liedingjaan, dêr’tst oaren by yn har krêft setst en eksellearje litst;
  • kennis fan en ynsjoch yn maatskiplike ûntwikkelingen yn relaasje ta musea;
  • romme ûnderfining mei it bestjoerlik politike krêftfjild binnen de kultuersektor;
  • finansjele kennis fan saken, bedriuwsekonomysk ynsjoch en talint om (finansjele) kânsen te sjen en nije jildstreamen oan te boarjen;
  • in wiidweidich relevant netwurk, likegoed nasjonaal as ynternasjonaal, en kinst dat útbouwe;
  • affiniteit mei digitale ûntjouwingen binnen en bûten it fakgebiet;
  • ferstiest (en by foarkar sprekst) Frysk of bist ree dat te learen;
  • aktive belutsenens by en partisipaasje mei de Fryske mienskip;
  • ferbining mei de moaiste en meast eigensinnige provinsje fan Nederlân;


wat biede wy

Wy biede dy in alsidige en útdaagjende baan fan 32-36 oeren wyks, dêr’tst it ferskil yn meitsje kinst. Komst te wurkjen yn in dynamyske en iepen organisaasje mei entûsjaste kollega’s. Dyn wurkkeamer hat in panoramysk útsjoch oer Ljouwert. It salaris is ôfhinklik fan kennis en ûnderfining. De funksje is ynskaald yn skaal 15 fan de Museum cao. It giet yn earste ynstânsje om in tydlike oanstelling foar de doer fan in jier, mei útsjoch op in fêst tsjinstferbân. Wy folgje de Museum cao. Utsûndering dêrop is it pensjoenfûns: Fries Museum, it Fries Verzetsmuseum en Keramiekmuseum Princessehof binne oansletten by it ABP.

Foto troch Ruben van Vliet
Foto troch Aron Weidenaar

oer ús

Fries Museum | Keramiekmuseum Princessehof is in organisaasje fan selsstannige en eigentiidske musea dêr’t kwaliteit en publyk foarop stean. Resinte publykslûkers binne de tentoanstellingen ‘Ja, ik wil! 250 jaar trouwjurken in Nederland' fan it Fries Museum, ‘IMPACT. De luchtoorlog in Friesland, 1940-1945’ fan it Fries Verzetsmuseum en 'Wu Zetian. De enige vrouwelijke keizer van China’ fan Keramiekmuseum Princessehof. Op it stuit wurkje wy binnen in grutte Europeeske gearwurking oan in ambisjeus tentoanstellingsprojekt oer de midsiuwske kening Redbad. In ynnovatyf en útdaagjend projekt is Fries Museum op Paad: sûnt 2024 reizget it Fries Museum trije jier lang mei kolleksjestikken nei de doarpen yn Fryslân om ferhalen te bringen en op te heljen. It Fries Museum mei in ynpannige Fries Verzetsmuseum lûkt jierliks sawat 100.000 besikers; Keramiekmuseum Princessehof jierliks sawat 40.000 besikers.

It Fries Museum biedt mei syn grutte en fariearre kolleksje in spegel nei it ferline en perspektiven op de takomst. It museum is de skatkeamer foar erfgoed en byldzjende keunst en lûkt, ferbynt en ynspirearret Friezen likegoed as nasjonale besikers. In ûnderdiel is it Fries Verzetsmuseum mei omtinken foar Twadde Wrâldoarloch, syn neiwurking en frijheid no.

It Princessehof is ít nasjonale keramykmuseum en it iennichste ryksmuseum yn Noard-Nederlân, fêstige yn in 18de-iuwsk stedspaleis, tagelyk it bertehûs fan M.C. Escher. It museum fertelt mei syn wrâldferneamde kolleksje aktuele en relevante ferhalen, fan keizerlik porslein út Sina, prachtige art-nouveaukeramyk en Delfts Blau, oant wurk fan moderne en hjoeddeistige keunstners en ûntwerpers.

Fries Museum | Keramiekmuseum Princessehof is fleksibel en takomstrjochte en de beide musea hawwe har ûntwikkele ta moderne en profesjonele musea. De organisaasje sit op it stuit bedriuwsmjittich likegoed as organisatoarysk yn in transysjefaze: as gefolch fan minder finansjele middels is der in reorganisaasje. Ek wurkje wy op it stuit oan it fersterkjen fan in iepen en transparante organisaasjekultuer. De organisaasje fan de musea bestiet út 75 meiwurkers mei in mienskiplike omfang fan 52 fte. Sy wurkje gear mei sa’n 146 frijwilligers en in grut oantal meiwurkers dy’t ekstern ynhierd wurde. De wurksfear is ynformeel en ûnderskiedt him troch in grutte mjitte fan selsstannigens.

sollisitearje

Bisto ús nije direkteur/bestjoerder? Stjoer dan op syn lêst 1 oktober 2025 dyn sollisitaasjebrief mei brief en curriculum vitae per e-mail nei vacatures@friesmuseum.nl ornearre foar Karin Vermeulen (haad Personiel & Organisaasje) mei it oanjaan fan ‘fakatuere direkteur’.

Foar mear ynformaasje oer de ynhâld fan de funksje kinst kontakt opnimme mei Karin Vermeulen, fia k.vermeulen@friesmuseum.nl of 058 2050004, of mei Lisa Janssen (lid Ried fan Tafersjoch), fia lisa@lisae.nl.

De earste sollisitaasjepetearen sille hâlden wurde op 6 oktober 2025. De ferfolchpetearen wurde hâlden op 9 oktober 2025. In assessment kin ûnderdiel útmeitsje fan de wervingsproseduere.

 

Fries Museum | Fries Verzetsmuseum | Keramiekmuseum Princessehof is in ynklusive organisaasje dy’t iepen stiet foar alle groepen yn de mienskip. Ut ús personielsbelied wei wolle wy bydrage oan in arbeidsmerk wêryn’t elkenien deselde kânsen hat en wêryn’t gjin romte is foar diskriminaasje. Wy ferwolkomje in ferskaat oan eftergrûnen en kennis en selektearje ús meiwurkers op grûn fan fereaske kwaliteiten.

Akwisysje nei oanlieding fan dizze fakatuere wurdt net op priis steld.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer