Amsterdam, 22 septimber 1914 (ûntfangstdatum)
Moandei. Nommele McLeod. Tank foar Jo brief. Ik bin hjir fansels allinnich en trochreizgjende om oer Ingelân nei Parys te gean. Myn filla leit tsjin 'e grûn mei’t ik yn ‘e fortelynje wenje en ik moat sjen wat my dêr oerbleaun is. Hynders, fuortman alles is wei - hawar dat oerkomt mannichien mei my yn dizze dagen. Ik kom fan Berlyn dêr't ik engazjearre wie doe't de oarloch ferklearre waard. Ik ha fansels net folle tiid hjir, ik leau it is it bêste dat ik mei gauwens in dei te Arnhim kom dat ik dêr yn in hotel ôfstiich - en ek jo dêr mei Non by my komme. Wat is it ienfâldichste. Lang brieven skriuwe is net nedich en gâns wurden ek net. Freegje har oft ik har in lyts hûntsje meinimme kin en leau my mei myn bêste groetnis,
Marguerite