Klik hier voor de Nederlandse terugblik
Yn 2025 steane wy stil by in bysûndere mylpeal: 80 jier frijheid. Mar hoe besprekke wy dy skiednis mei ús learlingen? En hoe makkest gefoelige aktuele tema’s besprekber? Tongersdei 27 maart hawwe it Fries Verzetsmuseum, Omrop Fryslân en Afûk ien ynspirearjende ûnderwiismiddei organisearre yn it Frysk Museum. Op dy middei dielden wy handige helpmiddels, metoaden en nije ynsichten dy’tst daliks yn ’e klasse tapasse kinst. Sa meitsje wy meielkoar de oarloch yn de klasse besprekber.