Wat barde der allegear yn Fryslân yn ’e Twadde Wrâldoarloch? En hoe hawwe de bern fan doe dy tiid belibbe?
Bisto benijd nei wat der yn ’e Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân bard is en wolsto mei dyn learlingen fan groep 7 en 8 de ferhalen fan doe ferbine oan jim eigen omjouwing en de tiid fan no? Doch dan mei oan it projekt ‘Oarloch yn ’e klasse’. Yn it ramt fan 80 jier frijheid nimt ‘Oarloch yn ’e klasse’ jim mei nei de oarlochsjierren 1940-1945. Oan ’e hân fan edukative fideo’s en ynteraktive opdrachten kinne jim de presintatoaren Laura, Willem en Raynaud troch de ferhalen hinne helpe. Sa wurde der yn de fideo’s koades foar wapendroppings ûntsifere en it lot fan in Joadsk gesin achterhelle en wurdt yn ’e opdrachtkaarten it nut fan regels ûndersocht en de trochsneed fan in Ingelsk gefjochtsfleantúch bestudearre. De searje bestiet út fiif útstjoeringen mei byhearrende opdrachtkaarten, dy’t de keppeling meitsje mei jim eigen omjouwing en de tiid fan no.
Fan 24 maart ôf alle wiken in nije útstjoering mei lesmateriaal te finen op www.oarlochyneklasse.frl
Alle opdrachtkaarten yn ’e moaie boks op skoalle ûntfange? Bestel de gratis ‘Oarloch yn ’e klasse’-boks op de webside.
It projekt ‘Oarloch yn ’e klasse’ is in gearwurking tusken it Fries Verzetsmuseum, Omrop Fryslân, Afûk en Cedin en wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.