jentsjes lânskip

jentsje popma's 100ste jierdei
jentsjes lânskip

jentsjes lânskip

By de gelegenheid fan de 100ste jierdei fan keunstner Jentsje Popma

By de gelegenheid fan de 100ste jierdei fan keunstner Jentsje Popma (Swol, 1921) presintearret it Fries Museum noch oant en mei 17 april 2022 in yntime presintaasje mei syn bysûndere wurk. Popma wurdt wol ris ‘in fleurige ûnheilsprofeet’ neamd. De alsidich keunstner wijde fierwei it grutste part fan syn skildere oeuvre oan it Fryske lânskip, om’t hy seach hoe’t it oantaast wurdt troch klimaatynfloeden, minsklik yngripen en de meganisaasje fan de lânbou. ‘Jentsjes lânskip’ toant lânskippen fan Popma út de kolleksje fan it Fries Museum tsjinoer wurken út de museumkolleksje dy’t reitsje oan syn wurk en syn fyzje op it lânskip.

Iuwfeest
Dizze presintaasje is ûnderdiel fan it iuwfeest fan Jentsje Popma, dat ferline jier organisearre waard as earbetoan oan it 100ste libbensjier fan de keunstner. Stifting Nijkleaster presintearre yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert in grutte oersjochsútstalling mei wurk fan Popma en yn it wykein fan 9 en 10 oktober 2021 wie der in ferkeapútstalling yn de tsjerke fan Jorwert. Ek Museum Belvédère yn Hearrenfean-Oranjewâld toande fan 30 septimber o/m 5 desimber 2021 in seleksje út it brede oeuvre fan de hûndertjierrige.

Koarte biografy Jentsje Popma 
Jentsje Popma foel by syn opliedingen oan de keunstakademy fan Rotterdam (1939-1942) en Ryksakademy fan Amsterdam (1943-1949) al yn de prizen. Om’t hy nei de oarloch as klassyk oplate keunstner lykwols lestich oan de bak kaam, lei er him ta op glêskeunst en wurkjen yn opdracht. Oant yn de jierren ’70 ûntwurp hy talleaze glês-yn-leadfinsters en muorrereliëffen foar skoallen, tsjerken en bedriuwsgebouwen. Fan ’61 ôf wie er dêrneist keunstdosint op Keunstakademy Minerva yn Grins en toande hy him in fûl behertiger fan de belangen fan keunstners. Yn de jierren ’70 boude er syn tapaste wurk ôf om, nei syn pensjoen as dosint yn 1985, hieltyd mear te skilderjen, benammen lânskippen.

Yn 1992 wiisde hy in befoardering ta ridder yn de Orde van Oranje-Nassau ôf. Yn 2007 krige er de Leeuwarder Pommeranten Pries. Yn 2021 folge de Fryske Anjer. Yn 2015 skonk er syn Ljouwerter atelier en alle restearjende keunstwurken oan Stifting Nijkleaster, dy’t as doel hat in protestantsk kleaster te stiftsjen yn Jorwert.

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer