250 jier troujurken
oant en mei 16 febrewaris 2025
250 jier troujurken

ja, ik wil! 250 jier troujurken

Noch oant en mei 16 febrewaris 2025 bringt it Fries Museum in grutte tentoanstelling oer de troujurk fan de ôfrûne 250 jier, mei sawol histoaryske, moderne as hjoeddeiske jurken. Sintraal stiet de breidsjurk yn Nederlân. It museum nimt de besiker mei op in reis troch de tiid, fan de 18e iuw oant no, op syk nei de essinsje fan de breidsjurk. Troch watfoar moades en tradysjes waard de jurk mei beynfloede? Wêr komt de ‘wite’ breidsjurk, sa’t we dy no kenne, wei? En wat seit de jurk oer de draachster?

Trouwfoto van Nikkie de Jager in een ontwerp van Viktor&Rolf, 2022, zijde, privécollectie. Foto: Joy Hansson.
Trouwfoto van Nikkie de Jager in een ontwerp van Viktor&Rolf, 2022, zijde, privécollectie. Foto: Joy Hansson.
Trouwjapon van Cornelia Vriesendorp, 1864, Huis Van Gijn. Foto: Adriaan van Dam.
Trouwjapon van Cornelia Vriesendorp, 1864, Huis Van Gijn. Foto: Adriaan van Dam.
Trailer Ja, ik wil!

Yn de tentoanstelling, foarmjûn troch ûntwerpstudio MAISON the FAUX en mei grafyske foarmjouwing fan Dana Dijkgraaf Design, wurdt in oersjoch presintearre fan de skiednis fan de troujurk, al iuwen in byldbepalend stik klean. De troujurk wjerspegelet de wrâld fan de breid; fan moade en tiidgeast oant smaak en sosjale klasse. Oan e hân fan persoanlike ferhalen oer de draachsters wurdt in byld sketst fan de ûntwikkeling fan de troujurk en dêrmei ek de posysje fan froulju yn Nederlân. Yn Ja, ik wil! ûntdekst sa’n 60 jurken – fan in troukostúm út 1782 oant tal fan eigentiidske ûntwerpen, wêrûnder Viktor&Rolf (mei de troujurk fan beauty content creator en presintatrise Nikkie de Jager alias NikkieTutorials), Iris van Herpen, Edwin Oudshoorn, Jan Taminiau, Addy van den Krommenacker, Mart Visser en Tess van Zalinge. It ferskaat fan de jurken lit net allinne de feroarjende moade sjen, mar biedt ek in ynkyk yn maatskiplike tema's lykas yndividualiteit, emansipaasje en gendergelikensens. Ien fan de sealen is omdoopt ta atelier, dêr’t Claes Iversen sjen lit hoe’t in ûntwerper fan troujurken te wurk giet.

Ja, ik wil! Foto: Ruben van Vliet.
Ja, ik wil! Foto: Ruben van Vliet.

Topstik: troujurk fan Keninginne Máxima 
Ien fan de topstikken út de tentoanstelling is de troujurk fan Keninginne Máxima, wêryn’t se op 2 febrewaris 2002 it jawurd joech oan (doe) prins Willem-Alexander. It Italiaanske moadehûs Valentino kreëarre foar de prinses in ivoarkleurige mikadosiden jurk mei lange mouwen, in opsteande hals en in fiif meter lange sleep.

Ja, ik wil! Foto: Ruben van Vliet.
Ja, ik wil! Foto: Ruben van Vliet.

Brûklienen 
Neist jurken út eigen kolleksje binne yn de tentoanstelling bysûndere troujurken te sjen fan Kunstmuseum Den Haag, Huis Van Gijn, Rijksmuseum, Museum Rotterdam, Amsterdam Museum, Centraal Museum, Nederlands Openlucht Museum, breidsmoadesaak Koonings The Wedding Palace, ferskate ûntwerpers en priveekolleksjes. 
 
Boek  
By de tentoanstelling ferskynt in ryk yllustrearre boek wêryn’t noch djipper yngien wurdt op de skiednis fan de troujurk yn Nederlân. It foarwurd is skreaun troch âld-stylredakteur by de Volkskrant Cécile Narinx. It boek is no te keap yn de museumwinkel en webshop fan it Fries Museum.

Ja, ik wil! Foto: Ruben van Vliet.
Ja, ik wil! Foto: Ruben van Vliet.

Jurk: Tess van Zalinge (Pearl, 2019), foto: Team Peter Stigter. 
 
Dizze tentoanstelling wurdt mei mooglik makke troch Gemeente Ljouwert, Blockbusterfonds, Mondriaan Fonds, Cultuurfonds op namme fan it Joes Meester Fonds en it Margarethe Petronella Fonds, Leeuwarder Ondernemers Fonds en Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis. 
 
It Fries Museum wurdt mei finansiere troch Wynpark Fryslân, de Provinsje Fryslân, it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, de VriendenLoterij, Ir. Abe Bonnema Stichting en de freonen fan it Fries Museum. 

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer