éric van hove

hylpen
no te sjen
éric van hove

hylpen: éric van hove

no te sjen

Glânzjend hout, blinkend koper, slipe parlemoer. Materialen fan oer de hiele wrâld komme byinoar yn de ambachtlik reprodusearre motorblokken fan Éric Van Hove (Algerije, 1975). Fan de lytste skroefkes oant de silinderkop: elk ûnderdiel wurdt mei de hân neimakke troch ynternasjonale ambachtslju, ûnder lieding fan Van Hove. Tagelyk set it wurk fan de Belgyske keunstner oan ta neitinken oer globale fraachstikken.

Foar de keunstner stiet it motorblok symboal foar de yndustrialisaasje, dy’t yn in protte lannen de ein betsjutte fan it klassike ambacht. Rinnendebânwurk yn plak fan hânwurk. Mei syn ymposante replika’s set Van Hove tradisjonele ambachten opnij op ’e kaart. Hy kombinearret de skjintme fan design mei aktuele tema’s lykas de ferdieling fan ’e wolfeart en de ferskillen tusken it westen en de rest fan ’e wrâld.

d9t
D9T (Tribute to Rachel) is basearre op it motorblok fan in Caterpillar D9 bulldozer. De bulldozer waard ûntwikkele om de ynfrastruktuer yn ûntwikkelingslannen te ferbetterjen, mar waard foaral bekend as militêr ferfiermiddel. Sûnt de Fjetnamoarloch sette rezjyms de D9 yn om opstannen del te slaan en barrikaden te brekken. Dêrmei is de bulldozer it symboal wurden fan ûnderdrukking yn plak fan opbou. De reproduksje fan Van Hove bestiet út 295 ûnderdielen, makke fan 46 materialen troch 41 ferskillende ambachtslju. It keunstwurk bestiet ûnder oaren út gravearre sederhout út de Atlas, snien poarperherthout út Brazilië, wengéhout út Kongo en tatajubahout út Suriname, slipe parlemoer, sniene bonken, bonkjes, keramyk, marmer, koper en tin.

fryske motor
Spesjaal foar it Fries Museum ûntwikkelet de keunstner in gloednij wurk: de reproduksje fan de motor út in fjildhakselmasine. De Claas Jaguar fjildhakseler is in populêre lânboumasine op it Fryske plattelân. De motor wurdt makke fan Marokkaansk houtwurk, Hylper skilderwurk, Yndonezysk snijwurk, Frysk sulverwurk, Sweedsk glêswurk en Frysk kerfsneed-houtsnijwurk. It motorblok dat as basis brûkt wurdt, is oanbean troch HAMOFA.

éric van hove
Éric Van Hove waard yn 1975 berne yn Guelma (Algerije). Hy groeide op yn Kamerûn as soan fan Belgyske yngenieurs dy’t har ynsetten foar ûntwikkelingsprojekten. Doe’t er 14 wie, kearde it gesin werom nei België. Nei syn stúdzje oan de keunstakademy yn Brussel teach er nei Japan, dêr’t er syn masters en PHD behelle. Dêrnei wenne er koart yn België, foar’t er him mear permanint yn Marrakesh fêstige. Yn 2014 briek er ynternasjonaal troch, tanksij syn meidwaan oan de Biënnale fan Marrakesh.

Het Fries Museum wordt mede gefinancierd door de Provincie Fryslân, het Ministerie van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap, Gemeente Leeuwarden, de BankGiro Loterij en de Ir. Abe Bonnema Stichting.

Aan Us Heit werkten mee: Titus Stallmann (Hindelooper schilderwerk), Erno Korpershoek (Fries kerfsnijwerk), Rikus Oswald (keramiek; o.a. aardewerk en tinglazuur), Lies van Huet (keramiek), Johan Stallmann (houtbewerken), Sanne Bergsma en Theo van Halsema (zilver- en goudsmeden), Jilles en Hannes Scherjon (klompenmaken), Frank Kroondijk en Rolf Doderlein De Win (3D-printen), Wim van der Meer (leerbewerken), Arib Abdelalli en Mostafa el Moufdi (kopersmeden), Mohamed Ouahaddou (beensnijden), Mehdi Ghinati en Abdelkader ´Dragon´ Hmidouch (houtbewerken), Abderrahim Boutkrout en Abdelghafour Boutkrout (houtsnijden), Mustafa Jaouale (kopersmeden), Abdeljalil Ait Boujmiâa (aluminiumgieten), Noureddine El Miraoui (afwerking), Abdelatif Boulaadam (monteur), Hassan El mouaddin (kopergraveren), Youssef Zouak (schilderwerk), Abdeljalil ait Boujmeaa (aluminum), Soufiane Sahli, Zakaria Bougrine, Abdelghani El Akari en Abdelghani El Akari (kopersmeden), Kamel Aabila, Simohamed Zouita en Hicham Ait Boukhari (metaalbewerken), Chawki Ait Elbzioui, Youssef Mohaounos (houtbewerken), Simohamed KachichAnders Wennerhag en Peter Kuchinke (glasblazen), Leoba Maria Solga, Simon Holm en Wayan Lila (beensnijden).

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer