borduere

meikoarten te sjen
haute bordure
borduere

Kom nei it Fries Museum en ûntdek dat borduere fan alle tiden is en foar elkenien; jong en âld, man en frou! Hast 150 stikken klean en aksessoires bewize dat borduerwurk mear is as dekoraasje; it lit sjen wa’tst bist. Yn Haute Bordure fergappest dy oan fjouwer iuwen mei de hân makke borduerwurk yn de Nederlânske moade. Fan in spektakulêr catsuit fan Kan Taminiau – fan kop ta tean mei loverkes bestikt – oant mei goudtried fersierde skuon út 1620, en fan risseljende roaring twenties-jurkjes oant 18e-iuwske manljusfesten mei minusjeus borduerde details. In lust foar it each fan de moadeleafhawwer en in feest fan werkenning foar tekstylfans.

Yn de útstalling ûntdekst de rykdom dy’t by borduerwurk heart, mei lúkse materialen as goudtried, side en swietwetterpearels, mar ek in fakmanskip en de hûnderten oeren dy’t bytiden nedich binne om in stik klean te dekorearjen. Dêrby markearret fyn, wy borduerwurk wichtige mominten yn it libben, lykas berte, doop en houlik. Mar boppedat foarmet borduerwurk in wichtich ûnderdiel fan de lêste moade dêr’t jin al iuwenlang mei sjoen wurde wolle.

Kamerjas, ca. 1880
Kamerjas, ca. 1880
Karim Adduchi, Mosaic dress, 2019
Karim Adduchi, Mosaic dress, 2019
Viktor & Rolf, Dots (detail), 1997-1998
Viktor & Rolf, Dots (detail), 1997-1998
Jas van ambtskostuum van Ridderschap van de provincie Friesland (detail), 1826-1849
Jas van ambtskostuum van Ridderschap van de provincie Friesland (detail), 1826-1849

sjen en sjoen wurde
Anno 2020 pronkje rappers op Instagram mei Gucci-spikerjaskes mei kleurrike patches. Op Prinsedei stelt Har Majesteit Keninginne Máxima de show yn in elegante japon mei kraleborduersels. En op de catwalk litte hjoeddeistige ûntwerpers de meast ymposante kreaasjes sjen dêr’t in hiel team bytiden wiken oan borduert. Borduere is populêr! Mar de trend is net nij. Dyn outfit dekorearje, in statement meitsje mei dyn klean, hat in lange tradysje. Dy ferklaaie yn borduerde moade wie foar in lange tiid allinnich foar de elite: it arbeidsyntinsive fakmanskip en it brûken fan lúkse materialen makken borduerwurk in kostber statussymboal. Troch tanimmende wolfeart koenen ek de 17e-iuwske boargers harren yn ryk fersierde klean stekke. Profesjonele borduerwurkers bûgen harren oer komplekse stiksels en ûntwikkelen in enoarme fariaasje oan stekken en techniken. Harren kreaasjes fûnen in paad yn it Nederlânske moadebyld en joegen de dragers in unike manier om harren te ûnderskieden.

Claes Iversen, Strapless grey interlock eveningdress, 2014
Claes Iversen, Strapless grey interlock eveningdress, 2014
Tipdoeken, 18de en 19de eeuw
Tipdoeken, 18de en 19de eeuw

mjuks fan histoaryske en modern
Yn de útstalling wurdt de eigen kolleksje ferrike mei in protte histoaryske en eigentiidske stikken fan Rijksmuseum Amsterdam (Amsterdam), Koninklijke Verzamelingen, Den Haag (De Haag), Amsterdam Museum (Amsterdam), Centraal Museum (Utert), Groninger Museum (Grins), Kunstmuseum Den Haag (De Haag), Zeeuws Museum (Middelburch), Zuiderzeemuseum (Enkhuzen), Museum Rotterdam (Rotterdam) en ferskate hjoeddeistige ûntwerpers as Viktor & Rolf, Karim Adduchi en Claes Iversen. It útstallingsûntwerp is yn hannen fan Paul Toornend en de grafyske foarmjouwing wurdt dien troch Michaël Snitker.

sels oan de slach
Entûsjast wurden? By de útstalling wurdt in útwreide aktiviteiteprogramma organisearre. Sa kin elkenien, fan begjinner oant ekspert, oanskowe by de ynteraktive borduerynstallaasje fan keunstner Floor Nijdeken yn de hal fan it museum. Der ûntstiet mei-inoar in borduerwerk dêr’t elk in stykje oan bydrage kin. Dêrneist kinst ien fan de masterclasses fan Crafts Council Nederland folgje, geskikt foar leafhawwers fan tekstyl, moade en ambacht mei iennige borduerûnderfining. Yn de museumwinkel binne boppedat alle materialen te finen dy nedich binne om sels oan de slach te gean.

Twee mannenvesten, 1780-1800
Twee mannenvesten, 1780-1800
Dylan Westerweel, tweedelig pak, 2019
Dylan Westerweel, tweedelig pak, 2019
Zyanya Keizer, Optical dress, 2017
Zyanya Keizer, Optical dress, 2017
Jas van ambtskostuum van Ridderschap van de provincie Friesland, 1826-1849
Jas van ambtskostuum van Ridderschap van de provincie Friesland, 1826-1849

De útstalling Haute Bordure wurdt mei mooglik makke troch it Kickstart Cultuurfonds, Mondriaan Fonds, it Prins Bernhard Cultuurfonds en Margarethe Petronella Fonds, VSBfonds en Fonds 21. Inkelde stikken dy’t langer yn brûklien wêze sille binne ôfkomstich út de kolleksjes fan de Ottema-Kingma Stichting en it Koninklijk Fries Genootschap. Guon stikken dy’t útstald wurde binne restaurearre mei stipe fan de Wassenbergh-Clarijs Fontein Stichting.

It Fries Museum makket diel út fan it gearwurkingsnetwurk fan Modemuze. De gearwurking tusken partijen rjochtet him op it útwikseljen fan kunde fia modemuze.nl en it ta beskikking stellen fan sieraden-, moade-, kostúm- en streekdrachtkolleksjes yn Nederland en België.

It Fries Museum wurdt mei finansierd troch de Provinsje Fryslân, it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, de Gemeente Ljouwert, de BankGiro Loterij en de Ir. Stichting Abe Bonnema.

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer