ferhalen út de terpen
De terpen hawwe de Fryske skiednis goed foar ús bewarre. It binne de skatkeamers fan it âlde Fryslân. Noch gauris wurde der boaiemskatten fûn. Troch sokke fynsten witte wy dat Fryslân tusken de Romeinske tiid en it jier 1000 ien fan de rykste streken fan Nederlân wie. Al it goud dat fûn waard by terpôfgravingen, opgravingen en troch metaaldetektorsikers lit dat sjen. Efter elke hinger, munt of swurdknop giet in opmerklik ferhaal beskûl. En fansels fertelt goud oer rykdom en oansjen. Wa’t goud hie, hie macht. Ferneamde krigers ymponearren harren tsjinstanners mei fersieringen op swurden en keningen droegen de moaiste ringen. Goud - Gevonden schatten uit de middeleeuwen fertelt al dy bysûndere ferhalen oer it goud fan de Friezen.
skatten
De fibula fan Winaam is in topstik út de kolleksje fan it Fries Museum. De mantelspjelde út om ende by 600 nei Kristus is in ikoan fan de Fryske archeology. It is it grutste ynleine sieraad út iermidsiuwsk Nederlân en miskien wol út Europa. De fibula is ynlein mei mear as trijehûndert prachtige reade granaten. Resint ûndersyk hat útwiisd dat dy almandinen hielendal út Yndia kamen. Yn de fersieringen fan de spjelde sitte alderhande symboalyske betsjuttingen en mytologyske ferhalen ferburgen. Yn 2014 krige it museum in gaspskyldsje dat opdûkt wie yn dyselde Fryske terp en it wurdt no foar it earst toand. De fersieringen op de saneamde brakteäten, tinne gouden hingerkes, út Achlum litte sjen dat goudsmidden in eigen Fryske styl hiene. En de goudskat fan Dronryp kriget ek in prominint plak yn de tentoanstelling. Dy bysûndere skat bestiet út parten fan in gasp, in goudstêfke, in hingerke, goudkerrels en mar leafst 42 munten.
brûklienen
De skat fan Wiuwert, gewoanwei te sjen yn it Rijksmuseum van Oudheden yn Leiden, komt spesjaal foar de goudtentoanstelling nei it Fries Museum. De grutste goudskat fan Noard-Nederlân is dan wer efkes op Fryske grûn. De skat befettet 220 gram goud en bestiet út 39 gouden stikken, dêrûnder trije ringen, ferskillende hingers en in fuotplaat fan in fibula. Dêrneist komme der bysûndere brûklienen fan it Groninger Museum, it Noordelijk Archeologisch Depot Nuis en fynsten fan metaaldetektorsikers.
ûndersyk
It Fries Museum lit de goudskat fan Dronryp yn de oanrin nei Goud ûndersykje. It Nationaal Lucht- en Ruimtevaartlaboratorium jout it Fries Museum de mooglikheid om materiaaltechnysk ûndersyk te dwaan mei harren nije elektroanemikroskoop. By it ûndersyk wurdt de krekte gearstalling fan de skat fan Dronryp, mar ek fan oare gouden objekten, metten en mei-inoar ferlike. Trochdat de fragmintearre gasp mei in goudstêfke, goudkerrels en munten begroeven is, tinke wy dat it de goudfoarried fan bygelyks in goudsmid is. Miskien binne it goudstêfke en de kerrels sels makke fan de fuortknipte parten fan de gasp. Oft dat echt sa is, wurdt de kommende tiid ûndersocht.
gesichtsrekonstruksje foar beamkistfrou
By it ôfgraven fan terpen wurdt net allinnich in protte goud fûn. Ien fan de meast bysûndere fynsten is it grêf fan in frou út de 7de iuw. Hja is begroeven yn ’e stam fan in útholle ikebeam yn de heechste terp fan Fryslân: Hegebeintum. Spesjaal foar Goud kriget dizze beamkistfrou, dy’t yn deselde tiid libbe as de tiid dat der in protte goud yn ’e terpen fûn waard, in gesicht. It resultaat wurdt mei it orizjinele skelet presintearre yn in romte parallel oan de goudtentoanstelling.
De tentoonstelling Goud - Gevonden schatten uit de middeleeuwen wordt mede mogelijk gemaakt door BankGiro Loterij, Stichting Woudsend Anno 1816, Het Nieuwe Stads Weeshuis, St. Anthony Gasthuis, Fonds Bolsward-Dronrijp 1993, Van Heloma Stichting, P.W. Janssen’s Friesche Stichting, Stichting Ritske Boelema Gasthuis.
Het bruikleen uit het Norwich Castle Museum wordt mogelijk gemaakt door financiële steun van de Zakelijke Vrienden van het Fries Museum.
Het onderzoek naar de goudschat van Dronrijp wordt mede mogelijk gemaakt door het Nationaal Lucht- en Ruimtevaartlaboratorium.
De gezichtsreconstructie wordt mogelijk gemaakt door financiële steun van de Vrienden van het Fries Museum.
Het Fries Museum wordt mede gefinancierd door de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provincie Fryslân, het Samenwerkingsverband Noord-Nederland, EZ/Kompas en de BankGiro Loterij.