fiskers
kadir van lohuizen
11 april 2015 t/m 1 november 2015
fiskers

fiskers

kadir van lohuizen

Fotograaf Kadir van Lohuizen jout yn it Fries Museum syn fisy op Fryslân mei Fiskers. Dizze tentoanstelling is it resultaat fan in mienskiplike foto-opdracht fan de Ljouwerter Krante en it museum. By de Ljouwerter Krante ferskynt op 9 april in spesjale bylage mei foto’s fan Van Lohuizen. Sawol de tentoanstelling as de bylage geane oer it Fryske waad en syn fiskers.Fiskers is te sjen yn it Fries Museum fan 11 april oant en mei 30 augustus 2015.

1
1

“Kies wat dy yn Fryslân fassinearret”, dat is de opdracht fan haadredakteur Hans Snijder en direkteur Saskia Bak. Van Lohuizen kiest foar de Waadsee en syn fiskers om ferskate redenen. “De fiskers op it Waad hawwe my altyd yntrigearre: de garnalekotters, it geskarrel op de platen en de netten yn de geulen. It is in bysûndere wrâld, dy’t altyd ûnbekend foar my bleau. Dus doe’t ik benadere waard om in reportaazje oer Fryslân te meitsjen, wie ik der gau út!” seit Van Lohuizen. Dêrby is de Waadsee in fotosjenyk gebiet, dat net om ’e nocht op de Wrâlderfgoedlist stiet. En as lêste is it in spannend ûnderwerp, om’t minske en natuer dêr byelkoar komme en soms meielkoar yn konflikt komme.

kadir van lohuizen

Kadir van Lohuizen (1963) hat yn syn 25-jierrige karriêre as fotosjoernalist in grut oantal tema’s en foarfallen fêstlein, mei dêrûnder konflikten yn Afrika en it Midden-Easten. Mei langrinnende projekten lykas ‘Aderen’ oer de sân wrâldrivieren en ‘Where will we go’ oer de konsekwinsjes fan de rizende seespegel krige er in protte bekendheid. Van Lohuizen hat withoefolle prizen krigen foar syn wurk, ûnder oaren twa World Press Photo awards. Yn septimber 2007 rjochte er, yn ’e mande mei tsien oare fotografen, it agintskip NOOR op. In jier letter waard er lid fan de Ried fan Tafersjoch fan World Press Photo. Van Lohuizen hat fiif boeken publisearre, twa titels dêrfan binne ‘Diamond Matters’ en ‘Via PanAm’.

gearwurking

Sûnt 2003 jouwe de Ljouwerter Krante en it Fries Museum fan tiid ta tiid opdracht oan in renommearre fotograaf om syn of har fisy op Fryslân te jaan. Kadir van Lohuizen is de fjirde yn de rige. Under mear de Flaamske fotograaf Stephan Vanfleteren gong him yn 2010 foar. Vanfleteren rjochte him op de rol dy’t it ferline yn it moderne Fryslân spilet.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer