beladen lânskip
fan kiefer oant ristelhueber
Auschwitz, Lampedusa en Aleppo. Plakken dy’t yn ús kollektive ûnthâld etst binne. Geweld, oarloch en konflikt teisterje dy plakken en litte har spoaren nei, soms sichtber, soms ûnsichtber. Beladen landschap: van Kiefer tot Ristelhueber toant de ferbyldingen fan ‘beladen’ lânskippen troch fyftjin keunstners. Foar Anselm Kiefer is hiel Dútslân as lânskip besmet. Yn de tentoanstelling is syn wurk Bilder-Streit te sjen. Mei typearjende materialen as linoleum, oaljeferve, sân en jute toant hy syn ferlet fan in nije Dútse identiteit. Dêr’t Kiefer in syktocht ferbyldet, leit Sophie Ristelhueber letterlik de besteande spoaren fan konflikt fêst.