oarloch yn fryslân

fries verzetsmuseum
1940 - 1945
oarloch yn fryslân

fries verzetsmuseum

ûnderdiel fan it fries museum

De presintaasje fan it Fries Verzetsmuseum is te sjen op de twadde ferdjipping fan it Fries Museum. De útstalling giet oer it ûndergean fan de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân. It is in ferhaal dat rekket, konfrontearret en jin oan it tinken set. In besite oan it Fries Verzetsmuseum is in treffen mei de bewenners fan Fryslân yn de jierren 1940-1945.

klas
klas
weiland
weiland

persoanlike ferhalen

Oarlochsomstannichheden freegje om persoanlike karren, dy’t foar elkenien ferskillend west ha. Wat soene jo dwaan yn dy omstannichheden? Yn it Fries Verzetsmuseum ûnderfine jo hoe’t de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân belibbe waard en ek hjoed noch libbet. Persoanlike ferhalen, foarwerpen, foto’s, filmfragminten en dokuminten fertelle jo ferhalen dy’t generaasje op generaasje trochjûn wurde.

skuon fan de dwylsin

Yn de nije presintaasje stean persoanlike ferhalen en ferhalen efter de echte objekten sintraal. Lykas dat fan de yn it earste oankommen deagewoane ‘Skuon fan de Dwylsin’. Yn de oarloch binne dy skuon op bysûndere wize fan in Amerikaanske piloat fia in Dútske soldaat telâne kaam by in Joadske ûnderdûker. In ferhaal dat sjen lit dat it klassike swart-wyt tinken yn goed en ferkeard faak gjin rjocht docht oan de werklikheid.

de oerfal

Ien fan de meast spektakulêre fersetsdieden yn de oarloch yn Fryslân is sûnder mear De Oerfal. Op 8 desimber 1944 wurdt it Hûs fan Bewar yn Ljouwert oerfallen troch it wapene ferset, de Knokploegen. Yn in healoere en sûnder in skot te lossen kinne 51 fersetslju ûntsnappe. It Fries Verzetsmuseum fertelt it ferhaal fan dy ferneamde fersetsaksje troch de eagen fan de ferskate belutsenen en giet yn op de dilemma’s dy’t mei it útfieren fan dy kreak mank giene.

de overval
de overval
© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer