nijs

fries museum
nijs

rekordjier foar it fries museum

It Fries Museum yn Ljouwert hat in rekordjier efter de rêch. 175.977 minskjen hawwe it museum  besocht. Op de âlde lokaasje luts it museum oant 2013 trochinoar 50.000 besikers yn it jier. Fierwei de grutste publykslûker wie de tentoanstelling Alma-Tadema, klassieke verleiding. De tentoanstelling, dy’t noch oant 7 febrewaris 2017 te sjen is, is in daverjend súkses. Underwilens ha al mear as 90.000 besikers de tentoanstelling besocht, de (ynternasjonale) parse-oandacht is oerweldigjend en besikers beoardielje de tentoanstelling mei in 8,6. Mei blockbusters oer Mata Hari yn 2017 en Escher by Ljouwert-Fryslân Europeeske Kulturele Haadstêd 2018 yn it foarútsjoch, sjocht it Fries Museum mei fertrouwen út nei de kommende jierren.

Op 1 oktober 2016 iepene it Fries Museum de grutste tentoanstelling yn har skiednis.Alma-Tadema, klassieke verleiding, oer ien fan de súksesfolste skilders fan de 19de iuw, is in grut súkses. Mei noch hast twa moannen te gean ha al mear as 90.000 minsken de tentoanstelling besocht. Mear as 70.000 dêrfan kamen fan bûten Fryslân. Yn de binnen- en bûtenlânske media wie der folop omtinken foar de tentoanstelling. It NOS 8-oere sjoernaal joech twa kear omtinken oan de eksposysje, de Volkskrant neamde him ‘magnifiek’, de Britske krante The Guardian fûn him ‘epic’, wylst it Italiaanske La Stampa ‘magistrale’ brûkte. It populêre Amerikaanske The Huffington Post neamde Alma-Tadema, klassieke verleiding ‘dazzling’.

tentoanstellingen
It Fries Museum iepene yn 2016 alve gruttere en lytsere tentoanstellingen. De tentoanstelling Claudy Jongstra - Ancient Light, dy’t noch oant 8 jannewaris 2017 te sjen is, wurdt mei in 8,2 tige wurdearre troch it publyk. Yn in bysûnder yntergeneraasjoneel projekt by de tentoanstelling Breien! learden 60 Vrouwen van Nu 140 mbo-studinten breidzjen. Dy studinten ûnderwiisden op har beurt sa’n 2500 learlingen fan hast 100 basisskoallen yn en om Ljouwert. De resultaten fan it breidzjen wiene op de tentoanstelling te sjen yn de hal fan it museum. Goud rûn oant 5 juny 2016 en naam besikers mei nei de skatkeamers fan it iermidsiuwske Fryslân. It Fries Verzetsmuseum presintearreHongerkinderen mei oangripende ferhalen oer hongerevakuees dy’t yn Fryslân opfongen waarden. Yn july iepene in tentoanstelling mei hjoeddeistich wurk fan de Fryske keunstner Tjibbe Hooghiemstra en yn gearwurking mei it Nederlands Fotomuseum presintearre it Fries Museum de tentoanstelling De Koe: Cas Oorthuys & Hans van der Meer.

ekonomyske wearde
Ut ûndersyk docht bliken dat 78% fan de museumbesikers ôfkomstich wie fan bûten de provinsje. Fan harren kaam 81% spesjaal foar it museum nei Fryslân. Yn trochsneed spandearren sy €61,- yn ‘e stêd en de provinsje. Dat betsjut dat it Fries Museum yn 2016 111.000 ekstra besikers nei Fryslân luts en sa soarge foar in kapitaalynjeksje fan  yn alle gefallen €6.782.889 yn de lokale en regionale ekonomy. Ferskate Ljouwerter ûndernimmers, fan horeka en bêd & brochjes oant tsiis en sels kleanwinkels, jouwe oan mear omset te draaien fanwege de tentoanstelling Alma-Tadema, klassieke verleiding.

kolleksje
It nije Kolleksjesintrum Fryslân is fan ’t jier yn gebrûk nommen. Op 29 april 2016 ferhuze it lêste fan 200.000 objekten út it âlde depot oan de Turfmerk. De kolleksjes fan Fries Museum, Natuermuseum Fryslân, Frysk Skipfeartmuseum, Frysk Lânboumuseum en Tresoar binne no yn it Kolleksjesintrum ûnderbrocht. Sa’n yntegrearre gearwurking is unyk en besparret in protte romte en tiid. Troch de fernijende boutechniken is it depot enerzjyneutraal. Efter de skermen is it Fries Museum dwaande mei it digitalisearjen fan de kolleksje.

jonge besikers
Hast alle dagen koene jonge besikers yn 2016 oan de slach yn de tentoanstelling Breien! ofAlma-Tadema, klassieke verleiding. Troch it wiidweidige edukaasjeoanbod ha mear as 11.000 skoallen yn it museum west. Mear as 70% dêrfan wiene bern út it primêr ûnderwiis. Gymnasia út hiel Nederlân besochten ek it museum fanwege Alma-Tadema. Yn gearwurking mei de dosinte-oplieding Beeldende Kunst en Vormgeving (dBKV) en de Ljouwerter Krante realisearre it Fries Museum yn ‘e maitiid foar de twadde kear in tentoanstelling fan eksamenwurk byldzjende foarming. By de tentoanstelling oer Alma-Tadema ferskynde in berneboek yn it Frysk en it Nederlânsk. Boppedat besochten mear as 7.500 bern en jongeren it museum selsstannich, sy kamen foaral foar de aktiviteiten dy’t it museum yn de skoalfakânsjes organisearret.

aktiviteiten
It Fries Museum organisearre fan ‘t jier 340 aktiviteiten foar jong en âld, dy’t de drompel ta it museum ferlegen of foar ferdjipping soargen. Yn totaal namen hast 8.800 besikers diel oan it aktiviteite-oanbod, sa as de 600 oanwêzigen by ien fan de tige wurdearre lêzings oer Alma-Tadema. Tegearre mei partner Slieker Film, it Ljouwerter filmhûs, organisearre it museum in kompleet filmprogramma by de tentoanstelling Alma - Tadema, klassieke verleiding. By Breien! wiene der fjouwer dagen yn ‘e wike frijwilligers dy’t breiden op de tentoanstelling. Mear as 200 breiwilligers, ôfkomstich út alle dielen fan it lân en sels út België, joegen demonstraasjes en foarseagen minsken fan advys oer harren breiwurk.

museumwinkel
De winkelomset fan it museum is dit jier fertrijefâldige yn ferliking mei dy fan ferline jier. Der is in wiidweidich assortimint fan Alma-Tadema-aardichheidsjes ûntwikkele, fan posters en paraplu’s oant sels brillekokers. It boek by de tentoanstelling, dêr’t ferskillende (ynter)nasjonale eksperts syn libben en wurk yn beljochtsje is ûnderwilens ta oan de tredde printinge.

website
Yn oktober 2016 lansearre it Fries Museum syn nije website. Oer it hiele jier besochten 500.000 minsken de website, in stiging fan 67% yn ferliking mei 2015. It Fries Verzetsmuseum krige ek in nije site. Op social media groeide it berik fan it museum. Op Twitter naam it tal folgers ta fan 8.860 nei 10.195 en op Facebook hat it museum al goed 20.000 likes, wêrmei’t it museum yn Noard-Nederlân in topposysje ynnimt.

vrienden
De partikuliere freoneclub fan ut museum hat ûnderwilens 675 leden dy’t it Fries Museum finansjeel en moreel stypje. Dêrneist hat it museum 35 saaklike freonen. Meiïnoar drage sy jierliks sirka 100.000 euro by oan bysûndere projekten binnen it museum.

2017 – 2018
It Fries Museum makket him op foar wer in bysûnder jier. It museum stjoert Alma-Tadema, klassieke verleiding op reis, fan 23 febrewaris oant en mei 18 juny 2017 is de eksposysje te sjen yn Belvedere in Wenen en fan 7 july oant enmei 29 oktober 2017 yn Leighton House Museum yn Londen. Yn ‘e maitiid presintearret it museum  de keunsttentoanstellingBeladen Landschap, oer de refleksje fan hjoeddeistige keunstners op lânskippen dy’t rekke binne troch konflikt of oarloch. Mei Rijk van Rotzooi, in gearwurking mei Museum Boerhaave en Circulair Friesland, set it museum yn 2017 in echte famyljetentoanstelling del. Fan 11 maart ôf presintearret it museum de bysûndere kolleksje iuwenâld hânbeskildere katoen út India: sitsen. Op 15 oktober 2017 iepenet yn it Fries Museum de ynternasjonale blockbuster oer de mysterieuze Mata Hari. Dizze tentoanstelling sil him rjochtsje op it libbensferhaal fan it famke efter de myte. Boppedat is it museum drok mei de tariedings foar de grutte tentoanstelling oer M.C. Escher yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.

It Fries Museum en syn aktiviteiten binne fan ’t jier mei mooglik makke troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, Provinsje Fryslân, it Samenwerkingsverband Noord-Nederland, EZ/Kompas, de BankGiro Loterij, de Turing Foundation, Mondriaan Fonds, VSBfonds, Prins Bernhard Cultuurfonds (it Joes Meester Fonds en Netty van Doorn Fonds), Fonds 21, Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân, Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed, Isaacson Draper Foundation, Stimuleringsfonds, Herbert Duintjer Fonds, Stichting Woudsend Anno 1816, de Rijksoverheid, Nelleke Nix Studio Gallery Press Inc., Vrienden van het Fries Museum, Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting, Gifted Art, Het Nieuwe Stads Weeshuis, Stichting Fonds voor de Geld- en Effectenhandel, de Vereniging Rembrandt, Fonds voor Cultuurparticipatie, St. Anthony Gasthuis, Fonds Bolsward-Dronrijp 1993, Van Heloma Stichting, P.W. Janssen’s Friesche Stichting, Stichting Ritske Boelema Gasthuis,

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer