drompel foar toanen

fryske topstikken flink ferlege
nijs
drompel foar toanen

drompel foar toanen fryske topstikken flink ferlege

Mear as 50.000 foarwerpen telt de kolleksje fan it Keninklik Frysk Genoatskip. Dizze grutte en belangrike kolleksje wurdt foar it Genoatskip troch it Fries Museum beheard. Beide ynstellingen moedigje oare musea oan gebrûk te meitsjen fan de kolleksje, mar fanwegen kwestjes oangeande oanspraaklikheid bliek dat yn de praktyk faak lestich. Dêr is no feroaring yn kaam: it Fries Museum en it Keninklik Frysk Genoatskip hawwe in sterk ferienfâldige oerienkomst sletten, dy’t it foar oare musea makliker makket om objekten út de kolleksje fan it KFG te lienen.

Marieke Balk fotografie
Marieke Balk fotografie

It Fries Museum en syn grûnlizzer, Koninklijk Fries Genootschap voor Geschiedenis en Cultuur / Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer, hawwe nije ôfspraken makke oer it behear fan de kolleksje. De nije ôfspraken binne fêstlein yn in behearoerienkomst, dy’t op woansdei 27 july ûndertekene is.

De kolleksje fan it Genoatskip bestiet út mear as 50.000 foarwerpen en makket dêrmei goed 26% út fan de totale kolleksje fan it Fries Museum. Belangriker noch is de hege kwaliteit: it grutste part fan de fêste opstelling en belangrike parten fan tydlike tentoanstellingen fan it museum wurde foarme troch de topstikken út de kolleksje fan it Genoatskip.

Oare musea kinne brûklienen út de kolleksje oanfreegje by it Fries Museum. Dat bart ek op grutte skaal: it museum hat oan mear as 100 lokaasjes (wêrfan 88 yn Fryslân) goed 700 objekten fan it Genoatskip útliend. Der wie lykwols wol in flinke drompel: de âlde oerienkomst tusken Genoatskip en Museum wie basearre op de âlde lanlike praktyk wêrby’t elke brûkliennimmer folslein oanspraaklik wie foar de folle ferfangingswearde fan de te lienen foarwerpen. Fersekeringspreemjes rûnen dêrtroch heech op.


In kommisje fan musea, wêrûnder it Fries Museum, wurke dêrom oan it ferienfâldigjen en standerdisearjen fan it brûklienferkear. Dat resultearre yn 2018 yn de lanlike fêststelling fan de Code Bruikleenverkeer. Utgongspunten binne ûnder oare dat de brûkliennimmer op profesjonele wize neffens museale standerts omgiet mei it brûklien (feilichheid, behâld en behear goed regele) en de brûklienjouwer goed ynformearret, dat beide partijen útgean kinne fan fertrouwen fan wjerskanten, meitinke oer it beheinen fan risiko’s en kosten en dat oanspraaklikheid fan de brûkliennimmer beheind wurdt ta werstelbere skea.

By it Keninklik Frysk Genoatskip wie ek in sterke winsk de drompel foar it útlienen fan objekten út de eigen kolleksje te ferleegjen. Dêrom binne dizze útgongspunten no ferwurke yn de behearoerienkomst tusken it Keninklik Frysk Genoatskip en it Fries Museum.   

Dizze geunstigere betingsten kin it Fries Museum no ek oanbiede oan ynstellingen dy’t foarwerpen fan it Keninklik Frysk Genoatskip yn brûklien hawwe of nimme wolle. Dêrtroch wurdt dat ienfâldiger en goedkeaper en wurdt de rike kolleksje fan it Genoatskip noch better sichtber.

It Keninklik Frysk Genoatskip hat sûnt de oprjochting yn 1827 in krúsjale rol spile yn it behâld en behear fan erfgoed yn Fryslân. It boude in formidabele samling keunst en erfgoed op. Yn 1877 waard dêrmei in tentoanstelling ynrjochte, dy’t sa suksesfol wie dat it Genoatskip besleat om in eigen Fries Museum te realisearjen. Dat iepene de doarren yn 1881 en bleau oant 1970 ûnder it bestjoer fan it Genoatskip stean. Sûnt dy tiid is it Fries Museum in selsstannige stichting, dy’t de kolleksje as brûklien fan it Genoatskip beheart en presintearret. It Fries Museum is him noch altyd hiel bewust fan syn roots yn it Keninklik Frysk Genoatskip.

 

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer