open call

fryske keunstners
oant en mei 15 jannewaris 2021
open call

open call foar fryske keunstners

verlengd! je mag je werk nog insturen t/m vrijdag 15 januari

De coronakrisis hâldt ús yn ’e besnijing en bepaalt ús blik op ’e wrâld. Hokker ynsichten hat dizze krisis ús oplevere? En wat stiet ús te dwaan? Wêr wolle wy hinne?

 

Bries, in gearwurking tusken Kunstinitiatief VHDG en it Fries Museum, ropt keunstners op om te reagearjen op de ôfrûne tiid. De Open Call is foar keunstners dy’t yn Fryslân wurkje en/of wenje. Ut de ynstjoeringen sille seis keazen wurde dy’t ein jannewaris 2021 ûnderdiel wurde fan in posterkampanje troch hiel Fryslân. De winnende seis keunstners krije in honorarium fan € 1600,-. Ynstjoere kin oant en mei 15 jannewaris 2021 fia bries@friesmuseum.nl.

 

In poadium foar en oer de hjoeddeiske keunst yn Fryslân: dat is Bries. De gearwurking fan Kunstinitiatief VHDG (Voorheen De Gemeente) en it Fries Museum wol foar dialooch, diskusje en ynspiraasje soargje yn de hjoeddeistige Fryske keunstwrâld. Mei dizze oprop siket Bries Fryske keunstners dy’t reagearje op dizze tiid en harren fyzje diele foar de takomst. It giet by foarkar om nij wurk, wêryn’t keunstners reagearje op (ien fan) de neikommende fragen:

 

Hokker loftspegeling ynspirearret ús en is it wurdich om ferbylde te wurden? Is de coronakrisis te beskôgjen as in straf foar ús sûnden? (As dat sa is, foar hokker?) Bringt dizze krisistiid ús ek wat goeds? Wat stiet ús te dwaan as de corona-weagen skielk wer tebekwike? Wêrnei moatte wy eventueel weromgripe? Hoe sjochsto de takomst foar ús allegearre?

 

ynspirearje
Seis ynstjoeringen binne aansten oeral yn Fryslân te sjen. Op buorden lâns de dyk, op posters achter ruten en yn it strjitbyld. Bries wol dêrmei ynspirearje en oan it tinken sette. As ferfolch op de posters organisearret Bries yn 2021 in searje Hagepreken. Dêrby rjochtet Bries him op frije tinkers dy’t in útsprutsen kyk hawwe op it no en de takomst. De Hagepreken binne ferdjipjende middeis yn ’e iepen loft mei fyzjes op keunst, kultuer en maatskippij mei prikeljende, teatrale komponinten.

 

meidwaan?
Stjoer dyn wurk foar 15 jannewaris 2021 yn fia bries@friesmuseum.nl. Ynstjoeringen wurde beoardiele troch in sjuery besteande út B.C. Epker, keunstner, Hanne Hagenaars, konservator moderne en aktuele keunst fan it Fries Museum, en Agnes Winter, direkteur fan VHDG. Om’t de seis winnende bylden ûnderdiel wêze sille fan in posterkampanje, freegje wy de keunstners om rekken te hâlden mei in steand posterformaat. Sjoch foar alle praktyske ynformaasje op www.friesmuseum.nl/opencall of www.vhdg.nl/opencall

 

It Fries Museum wurdt mei finansiere troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provinsje Fryslân, it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, EZ/Kompas en de BankGiro Loterij.

 

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer