Omrop Fryslân lansearret nije edukative searje oer de Twadde Wrâldoarloch
Tsjil Tsjekt - Oarloch yn 'e klasse wurdt op 27 maart 2025 lansearre yn in spesjale ûnderwiismiddei yn it Fries Museum
Yn 2025 steane we stil by in bysûndere mylpeal: 80 jier frijheid. Mar hoe praatst dêroer mei learlingen? En hoe makkest dy gefoelige aktuele tema’s besprekber?
Om dit, it besprekber meitsjen fan dit ûnderwerp foar learlingen, foarinoar te krijen, sille der ferskate partijen gearwurkje. Yn it ramt fan 80 jier befrijing lansearret Omrop Fryslân Tsjil in nije edukative searje oer de Twadde Wrâldoarloch: Tsjil Tsjekt - Oarloch yn 'e klasse. Om dy searje te yntrodusearjen en leararen te foarsjen fan ynsjoch yn hoe't se skiednis en frijheid yn de klasse besprekber meitsje kinne, wurdt op 27 maart 2025 in spesjale ûnderwiismiddei organisearre yn it Fries Museum.