fierljeppen

vrijheid, vetes, vagevuur
nuveraardige foarwerpen
fierljeppen

fierljeppende friezen oer it slachfjild

ûnderdielen fan polsstôkspearen fûn yn depot fries museum

Fryske krigers yn ’e midsiuwen makken gebrûk fan saneamde polsstôkspearen, yn it Aldfrysk ek wol bekend as kletsy.

Junior konservator Casper J. van Dijk is spesjalisearre yn midsiuwsk wapenark en die de ôfrûne moannen û.o. ûndersyk nei de kolleksje midsiuwske wapens en it wapengebrûk. Van Dijk fûn yn it depot fan it Fries Museum fysike resten fan polsstôkspearen. De nuveraardige foarwerpen, foarhinne determinearre as ‘reiskandlers’, blykten de fuotsjes te wêzen fan polsstôkspearen, oftewol kletsy.

It museum liet oan ’e hân fan dizze fynsten in replika meitsje fan sa’n kletsy foar de tentoanstelling Vrijheid, Vetes, Vagevuur: de middeleeuwen in het Noorden. Fierljepkampioen Ysbrand Galama naam de proef op ’e som en probearre de replika út. De teste, troch Galama goedkarde polsstôkspear is mei de fynsten fan 10 septimber ôf te sjen yn de nije eksposysje fan it Fries Museum.

Afbeelding van een Friese soldaat in De origine, situ, qualitate et quantitate Frisiae, Cornelius Kempius, 1588, papier, Univers
Afbeelding van een Friese soldaat in De origine, situ, qualitate et quantitate Frisiae, Cornelius Kempius, 1588, papier, Univers
Ysbrand Galama met de replica van het museum. Foto door Jacob van Essen/ Het Hoge Noorden.
Ysbrand Galama met de replica van het museum. Foto door Jacob van Essen/ Het Hoge Noorden.

In fan ’e ferneamdste aktiviteiten út Fryslân, it fierljeppen, is dus al iuwen âld. Yn ’e midsiuwen wie in pols net inkeld in middel om oer in sleat te springen, mar ek in wapen.

Sitaat fan Casper J. Van Dijk en Jeroen Punt út it boek Vrijheid, Vetes, Vagevuur. De middeleeuwen in het Noorden. Fan 10 septimber ôf te krijen.

Kletsyfuotsjes
It gebrûk fan polsstôkspearen troch Fryske krigers kenne wy net allinnich út histoaryske boarnen, mar ek fan ûnderskate midsiuwske ôfbyldings, lykas segels, muorreskilderingen en tekeningen yn boeken. Oant foar koart ûntbruts it lykwols oan fysike resten. Dêr is no feroaring yn kommen, want it Fries Museum blykt fjouwer fan dizze kletsyfuotsjes yn ’e kolleksje te hawwen, en it Noordelijk Archeologisch Depot yn Nuis ek noch twa. De fynst is lykwols gjin tafal, junior konservator Casper J. Van Dijk hie al sa’n idee en die mei sin ûndersyk nei de ‘reiskandlers’. Twa binne fûn by de kanalisaasje fan ’e rivier De Tsjonger of De Kuunder tusken 1886 en 1888, de oare waarden fûn by de ôfgraving fan ferskate tsjerketerpen, dêrûnder Britsum en Koarnjum en in tal ûnbekende terpen. De kletsyfuotsjes sille te sjen wêze yn it Fries Museum yn de nije tentoanstelling Vrijheid, Vetes, Vagevuur: de middeleeuwen in het Noorden, fanôf 10 septimber. Ek skriuwe Casper J. Van Dijk en Jeroen Punt deroer yn de publikaasje by de tentoanstelling, yn in artikel mei de namme ‘Fierljeppend over het slagveld’.

Zwaarder (b) type kletsievoetje, ca. 1200-1600, ijzer, collectie Fries Museum.
Zwaarder (b) type kletsievoetje, ca. 1200-1600, ijzer, collectie Fries Museum.
publicatie Vrijheid, Vetes, Vagevuur.
publicatie Vrijheid, Vetes, Vagevuur.

typisch frysk?

Schaumburg seach it sels en miende dat er yn in bos seach. Dy út Fryslân hiene in soad piken, en dy wiene langer as dy fan ús hierlingen [dêrmei bedoelt er syn lânsfeinteleger]. Dy piken neamt er ‘skotten’, en se hawwe oan ’e ûnderkant gaffels of skiven. Dy sette se yn sompige sleatten as se der oerhinne springe wolle, sadat se net yn ’e sleat stekken bliuwe.

Sa omskreau de biograaf fan Wilwolt von Schaumburg (1446-1510) – in kapitein fan in groep troch hartoch Albrecht van Saksen (1443-1500) ronsele hierlingen – de bewapening fan de Fryske troepen by de Slach by Laaksum yn 1498. Schaumburgs biograaf merkt yn syn omskriuwing in nijsgjirrich histoarysk fenomeen op, nammentlik it gebrûk fan piken of spearen dy’t tagelyk as polsstôk fungearren.

Polsstôkspringe is in gebrûk dat wy tsjintwurdich foaral mei de hjoeddeistige provinsje Fryslân yn ferbân bringe. Ut wat der bekend is fan de Kletsys docht bliken dat Friezen dit ek al yn ’e midsiuwen diene en dat dit gebrûk oan ’e Deenske grins ta bekend wie. Midsiuwsk Fryslân wie net it iennichste gebiet mei in sompich en wiet lânskip. Gjin wûnder dat yn de lette midsiuwen yn hiel Noardwest-Europa – fan Flaanderen oant Nordfriesland yn it noardlikste puntsje fan Dútslân – fergelykbere wapens te finen wiene.

vrijheid, vetes, vagevuur
Fan 10 septimber 2022 oant en mei 7 maaie 2023 presintearret it Fries Museum Vrijheid, Vetes, Vagevuur: de middeleeuwen in het Noorden. De tentoanstelling toant nije wittenskiplike ynsichten oer de maatskippij fan it noarden yn de folle en lette midsiuwen. It Fryslân fan doe (Tota Frisia) strekte him út fan ’e hjoeddeistige provinsje Fryslân oan ’e Wezer yn it Dútske Ostfriesland ta. Yn tsjinstelling ta oare plakken yn Europa bestjoerden de Friezen harsels, keazen se har eigen rjochters, hiene se in eigen taal en in eigen typyske klaaiïng. Oan ’e hân fan de rike archeologyske kolleksje midsiuwske foarwerpen fan it Fries Museum, oanfolle mei (ynter)nasjonale brûklienen, komt de eigensinnige, ferdwûne wrâld fan Fryslân tusken 1067-1567 ta libben. Dizze grutte tentoanstelling slút naadleas oan op it heechwurdearre Wij Vikingen yn 2019.

Dizze tentoanstelling wurdt mei mooglik makke troch it Mondriaan Fonds (it publike stimulearringsfûns foar byldzjende keunst en kultureel erfgoed), Prins Bernard Cultuurfonds, Provinsje Fryslân, Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting, Leeuwarder Ondernemerfonds, Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis en het Old Burger Weeshuis

It Fries Museum wurdt mei finansiere troch de Provincie Fryslân, it Ministerie van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap, Gemeente Ljouwert, de VriendenLoterij, de Ir. Abe Bonnema Stichting en de Vrienden van het Fries Museum

© Fries Museum - alle rjochten foarbehâlden disclaimer