Dêrfoar makke Van der Lingen ferskate útstallingen foar it Fries Museum, dy’t loovjende reaksjes rispen by parse en publyk. Sa makke er as kurator de grutte oersjochútstalling Éric Van Hove: Fenduq, dêr’t Van Hove mei in team fan ambachtslju út Fryslân, Sweden, Yndoneezje en Marokko ymposante replika’s yn neiboude yn ûnder oare hout, koper en parlemoer. Van der Lingen wie ek ferantwurdlik foar de útstalling Phantom Limb: Art beyond Escher, in hjoeddeistige útwreiding op de kaskreaker Escher op reis. Yn dy útstalling namen tsien ynternasjonale keunstners besikers mei nei in wrâld dêr’t neat is wat it liket.
Van der Lingen is oplaat yn de byldzjende keunst oan de Koninklijke Academie voor Beeldende Kunst yn De Haach en hy behelle syn Masters Digital Arts oan Middlesex University yn Londen. Oant 2017 wie er direkteur en kurator fan Nest, in keunstpoadium fan nasjonaal en ynternasjonaal belang mei in bysûndere oandacht fan de relaasje tysken keunst en publyk. As gastkurator wurke hy by TENT yn Rotterdam, it Centraal Museum yn Utert en Museum Kranenburgh yn Bergen.
Het Fries Museum wordt mede gefinancierd door Windpark Fryslân, de Provincie Fryslân, het Ministerie van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap, de VriendenLoterij, Ir. Abe Bonnema Stichting en de vrienden van het Fries Museum.
Keramiekmuseum Princessehof wordt mede gefinancierd door het Ministerie van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap en Gemeente Leeuwarden.